Doarpshûzeregeling 2.0
Neffens FNP wurdfierder Wopke Veenstra kin de besteande regeling foar doarpshûzen wat breder. ‘It belied foar de leefberheid yn Fryslân. moat by de tiid brocht wurde. In ‘doarpshûzeregeling 2.0' mei earmerke jild. Wy wolle troch mei de stipe oan fysike moetingsplakken foar de lokale mienskippen. It giet net altyd mear om nijbou fan in doarpshûs, mar it giet der ek om besteande akkomodaasjes enerzjysunich te meitsjen en te ferbouwen. Der komme ek tsjerken, skoallen en oare gebouwen beskikber dy't in nije bestimming krije mei in doarpshúsfunksje. Dan kin in dofke jild fan de Provinsje krekt de trochslach jaan om oare jildsjitters lykas de gemeente en fûnsen oer de streek te lûken.'
Iepen Mienskipsfûns
By it debat oer de Leefberens yn de Steaten sil it ek gean oer de takomst fan it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fan de organisaasje Doarpswurk. It Iepen Mienskipsfûns hat de ôfrûne perioade in grut sukses west. De minsken binne tige tefreden mei de leechdrompelige stipe foar lytsere mienskipsprojekten. De FNP wol dat ek dizze regeling nei de ferkiezingen trochset wurdt. Lykas by de doarpshûzen sil hjir yn de nije steateperioade jild foar frijmakke wurde moatte, sa seit Veenstra.
Doarpswurk
Itselde jildt foar it wurk fan Doarpswurk. Veenstra: ‘Wichtich is dat de stipe foar alle frijwilligers yn de doarpen bestean bliuwt en dat de opboude ekspertize net ferlern giet. Leefberheid wurdt ek ien fan de spearpunten fan de nije Omjouwingsfisy. Fan grut belang foar ús plattelân en de kearnen. Bestjoer en direksje fan Doarpswurk hawwe oanjûn dat de organisaasjefoarm nei alle gedachten al feroarje sil nei in netwurkorganisaasje, en dat hja iepen stean foar de needsaaklike fernijing. Dêr moatte provinsje en Doarpswurk oer yn petear. Wat de FNP oangiet bliuwt der dan ek foar in nije organisaasjefoarm provinsjale stipe yn de kommende perioade nei 2019.