Yn in nije notysje fan de minister stiet: 'Bij de beperking van de uitstoot van broeikasgassen wordt aan landelijke regio's met weinig industrie een voorname rol toegedicht. Ze herbergen veel relatief goedkope grond die gebruikt kan worden voor wind- en zonneparken''. In wike letter lêze wy oer 'genereuze regio's. Hoesa wingewest ?
Fjouwer jier lyn krige Fryslân hast 10% fan de lanlike opjefte foar wyn op lân taskikt, wylst wy hjir noch gjin 4% fan de lanlike enerzjy ferbrûke. Aldergelokst is de kennis fan in soad Fryske partijen en boargers ferbrede en is it ynsjoch yn technyske mooglikheden, bedriuwsmodellen en politike opsjes foar de takomst fersterke. Dochs ropt men noch hieltyd by de minsken it gefoel op dat der allinnich tocht wurdt oan bynammen wyn- (op lân) en sinne-enerzjy oanfolle mei in bytsje bio-enerzjy en in tûfke geotermy en dat dan rjochtlinich troch te lûken nei it jier 2050: it jier dat wy Fryslân folslein fossylfrij hawwe wolle. De no opstelde Fryske Enerzjy Stratezjy liket dan ek stjoerd troch ‘âld tinken' en út Den Haag wei betocht rekkenwurk.
In alternatyf
De politike partijen feriene yn de European Free Alliance binnen, mei de FNP as foaroprinner, úteinset mei in brede stúdzje nei de technyske mooglikheden dy't foar de kommende desennia te ferwachtsjen binne foar de ferskate regio's yn Europa. De útkomsten jouwe oan dat it foar Fryslân hiel bêst mooglik is om yn it jier 2050 wat enerzjy oangiet alhiel selsfoarsjennend te wêzen mei as bysûndere oantekening dat der dan gjin grouwélige oantaasting fan ús lânskip nedich is. Dêrby wurdt útgien fan ús eigen enerzjyferbrûk en ek fan ynnovative ûntwikkelingen en mooglikheden fan alle mooglike enerzjyboarnen en opslachmetoaden.
Kânsen foar
opwekken en opslach fan enerzjy
Fryslân is net allinnich segene mei duorsume boarnen fan enerzjy lykas wyn en
sinne, benammen ek ús ûndergrûn jout in ivichduorjende en duorsume boarne:
geotermy. Boppe de grûn bewurket de minsk it lân en brûkt it foar feehâlderij.
It materiaal dat hjirby beskikber komt kin bio-enerzjy opleverje yn de foarm
fan biogas of biomateriaal en dat mei sirkulêre bedriuwsmodellen. Ek út en mei
oerflaktewetter falt enerzjy te winnen. Ek kin de waarmtekapasiteit fan wetter
brûkt wurde foar opslach.
Utkomsten
ûndersyk en konferinsje
Ut de EFA-konferinsje docht bliken dat der gâns mear mooglikheden binne om
enerzjy te besparjen en benammen ek mei geotermy folle mear enerzjy op te wekken as
wy no foar mooglik hâlde.
In grutte útdaging leit yn de oergongsperioade 2020 oant 2050 wêrby de ynset
fan ferskate foarmen fan duorsume enerzjy ferskoot. De útkomsten litte sjen
dat it oanpart fan ferskate soarten fan fossile enerzjy minder wurdt mar ek
sjogge wy dat foar in tal desennia de ynset fan wynenerzjy op lân noch nedich
wêze sil. Dit oanpart is lykwols mar lyts en feitlik al berikt mei de no yn
gong sette ûntwikkelingen op de Iselmar (en) by de Ofslútdyk. It úteinlike
ôfbrekken fan de besteande turbines kin berikt wurde yn 2050.
Ek al is it beheind, der sil noch in skoftsje gas helle wurde út de Fryske ierdgasfjilden. Organisaasjes lykas de NAM en Vermilion brûke of meitsje dêrfoar boargatten dy't yn de takomst ek geskikt makke wurde kinne foar djippe geotermy.
Mear romte foar enerzjykoöperaasjes
De EFA-stúdzje hat oantoand dat op it plattelân leafst 60% fan it enerzjyferlet
ynfold wurde kin troch enerzjykoöperaasjes. It is in krusjale taak fan de
oerheid om de maatskippij hjir de regy yn te jaan en te fasilitearjen. It sil
net allinnich liede ta in folle bettere ynpassing yn de leefomjouwing mar ek ta
direkte finansjele foardielen foar de minsken. De boargers betelje tsien kear
safolle enerzjybelesting as ‘it grutkaptaal' en soene ek dêrom folle mear werom
sjen moatte fan de transysje-subsydzjes. De Fryske Enerzjy Stratezjy moat syn basis hawwe yn de
maatskippij mei belutsenheid fan alle belanghawwenden. Nei in breed gearstalde
Taakgroep (‘Taskforce') dus.
Henk de Vries, foarsitter FNP wurkgroep Enerzjy
Klaas Fokkinga, Steatelid foar de FNP
Dit artikel is earder ferskynd as opinystik yn it Friesch Dagblad fan 1 oktober 2018