Ut de mienskip fan Holwert wie der ferline jier al in foarnimmen om it húske oan de Hegebuorren 8 te behâlden. Lykwols, der stiet in fraachpriis op fan €79.000. "Dy priis is ûnrealistysk", neffens wurdfierder FNP Steatefraksje Corlienke de Jong, "it is in púnfal en mei dizze fraachpriis sil der net in trochbraak komme yn it opknappen en behâld fan dizze skriuwerswenning".
Fan Deputearre Steaten wol de FNP fraksje witte hoe't hja dizze "rotte kies" yn it sintrum fan Holwert út kultureel-erfskiplik eachweid besjogge. De FNP stiet foar ideeën fan út de mienskip en soe graach sjen dat dit projekt yn gearwurking mei it doarp Holwert oppakt wurdt. De FNP Steatefraksje freget har ôf hokker rol de Provinsje spylje kin om de ûnderhannelings tusken belutsenen út Holwert en de ynvestearder fan de wenning fan Waling Dykstra út de ympasse te heljen.