NIJS   10-10-2013


Kolleezje moat better tasjen op ynpassing grutte pleatsen

Frijbliuwendheid troef mei metoade De Nije Pleats

visser 1

 

It is frijbliuwendheid troef mei de tapassing fan ‘De Nije Pleats' metoade troch gemeenten. Dat stelt de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Konst. De partij wol dat in oannommen moasje hjiroer fan de Steaten better útfierd wurdt.

        

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtelike Oardering     

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

De saneamde ‘keukentafelpetearen' fan De Nije Pleats, om mei boeren, saakkundigen en omwenjenden te kommen ta in fluggere bouproseduere, bettere romtlike ynpassing, minder ferkearsoerlêst en minder ljochtútstjit fan nije bedriuwsgebouwen, hawwe totaal gjin prioriteit by gemeenten. Dat stelt FNP wurdfierder Jan Visser fêst nei oanlieding fan in artikel yn it Lânboublêd Nieuwe Oogst. De seis gemeenten yn de Stedsregio Ljouwert hawwe de beproefde metoade net opnaam yn harren nije Hânboek foar it Lânskip. 

 

Visser wol dat de Provinsje mear docht om gemeenten oan ‘De Nije Pleats' te krijen. Mei dizze metoade kin troch goed foaroerlis mei alle belutsenen foarkommen wurde dat bouplannen yn in letter stadium tsjin ûnferwachte beswieren of planologyske regels oprinne. In kwalitatyf bettere ynpassing giet dêrtroch lykop mei in fluggere bouproseduere. De Steaten woene dat der in evaluaasje fan de taspassing komme soe, mar dat fûnen Deputearre Steaten net nedich. De FNP trunet no oan op in aktivere hâlding fan de Provinsje.

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen de nije pleats
Brief ds oer de nije pleats
FNP moasje de nije pleats 27 feb 2013


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer