NIJS   29-10-2013


FNP: nei 2017 struktureel € 200 miljoen foar Fryske ekonomy

Ympuls foar wurkgelegenheid

 Sybren 2011 lyts  

De FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân wol dat nei 2017 der in struktureel budzjet fan minimaal € 200 miljoen op jierbasis beskikber komt om de wurkgelegenheid yn Fryslân bliuwend te stimulearjen. Dat sil de partij kommende woansdei (30-10) ynbringe by de behanneling fan de Begrutting 2014 en 'Wurkje foar Fryslân' yn de mienskiplike kommisje.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De wurkleazens yn Fryslân is sûnt 1950 gemiddeld sa'n 2 % heger as yn Nederlân. It is dus nedich dat der struktureel genôch jild is om dat probleem oan te pakken. De ferskate ekonomyske ympulsen dy't der oant no ta west hawwe, hawwe op harsels in grut ekonomysk effekt hân. Dat is lykwols net genôch. Wurdfierder Sybren Posthumus: ‘Doe't it KOMPAS-programma hast útwurke wie (yn 2010), seagen we dat de wurkleazens it lanlike nivo benadere. Mar dêrnei rûn it ferskil wer hurd op nei it âlde ferskil fan 2%'.

 

Fan 2017 ôf sille de jierlikse ekonomybudzjetten fan de provinsje Fryslân ferminderje fan € 173 miljoen yn 2012 nei € 11 miljoen yn 2017. Nei 2016 is it sels sa dat Fryslân soarget foar mear eigen ynkomsten (60%) as dat der fan it Ryk komt fia it Provinsjefûns (40%).

 

De FNP wol dat in oantal winsken fan de Steaten fan Fryslân útfierd wurde: in earlik part fan de gasbaten en in desintralisaasje fan it ekonomysk belied fan it Ryk nei de provinsje Fryslân. Mei de gasbaten dy't út de fjilden yn Fryslân wûn wurde (mear as € 800 miljoen op jierbasis) en mei in desintralisaasje fan jilden (€ 216 miljoen) foar ekonomysk belied, nei rato fan it tal ynwenners, kin Fryslân echt it ferskil meitsje.

 

Op basis fan kengetallen ferwachtet de FNP dêrmei in direkte wurkgelegenheidsympuls fan 10.000 banen. Op dit stuit is it tal minsken yn de WW en yn de bystân yn Fryslân mear as 30.000. It NUON-fermogen sil oant 2020 foar in fikse ympuls fan tûzenen banen soargje, mar wy moatte no al neitinke oer struktureel genôch wurk foar de ynwenners fan Fryslân. En dêrfoar no al oan de slach! 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer