NIJS   04-11-2013


FNP: Stipe fan Provinsje foar keatsmuseum Frjentsjer

Promosjonele wearde foar sport en toeristen

 Annigje Toering 2012 05  

 

De Steatefraksje fan de FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten om in stipe fan 1,5 ton foar it Keatsmuseum yn Frjentsjer. De fraksje sil dêrta in moasje yntsjinje by de provinsjale Begrutting 2014 kommende woansdei.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP   

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Neffens de FNP is it Keatsmuseum in ‘unique selling point'  foar de promoasje fan Fryslân. In nije tagonkliker húsfesting yn it keatshert fan ús provinsje sil net allinnich mear toeristen lûke, mar hat ek foar de keatssport sels in promosjonele funksje, sa tinkt fraksjelieder Annigje Toering. Se tinkt dêrby oan it foarbyld fan de ‘ Pronkkeamer'  fan SC-Hearrenfean. ‘Der binne fierder ek in hiel soad frijwilligers mei it Keatsmuseum anneks; dat past perfekt yn ús belied om aktiviteiten fan de Fryske mienskip te befoarderjen'.

 

De FNP wiist derop dat de provinsje it Keatsmuseum al earder stipe hat by de ynrjochting fan in nije opstelling. Dat soe no wer barre moatte yn de foarm fan in ienmalige bydrage fan 1,5 ton. It jild moat oare sponsors oer de streek lûke en soargje dat it bestjoer mei in sûne eksploitaasje op it nije plak oan de slach kin. Neffens Toering hat it Kolleezje fan DS de promosjonele wearde fan it keatsen foar Fryslân earder dit jier ek al erkend. De FNP hat doe frege om in bydrage foar de promoasje fan it muorrekeatsen yn it bûtenlân.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer