NIJS   26-11-2013


FNP: betelbere ynternet inisjativen stimulearje

Kosten leger mei lokale koöperaasjes

 Sybren 2011 lyts  

De FNP komt moarn (27 novimber) by de Steategearkomste mei in moasje om lokale inisjativen foar fluch ynternet te stimulearjen. Neffens de partij kinne koöperaasjes of oare gearwurkingsfoarmen op doarps- of streeknivo tsjin akseptabele tariven fluch ynternet realisearje. Op ferskate plakken yn Fryslân sitte minsken te wachtsjen om los te kinnen, sa as yn Langedike (Stellingwerven) en Achtkarspelen. De provinsje Fryslân moat harren no sa goed en sa rap mooglik stypje, sa fynt de FNP.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy / Breedbân Ynternet

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

  

Yn de plannen dy't no foarlizze komme de gemiddelde kosten per moanne út op € 75 oant € 85. De FNP wol dy omleech bringe nei € 50 oant € 55. Dat dat kin, bewize bygelyks Boekelnet en HSLnet yn Brabân. De koöperaasjes wurkje sawol foar de minsken yn de swarte/grize gebieten (de gruttere doarpen) as de saneamde ‘ûnrendabele' bûtengebieten. Troch de winst dy't de koöperaasjes helje yn de gruttere plakken kinne minsken dy't fierder fan de kom wenje ek betelber ynternet krije.

 

De oanslútsubsydzje fan de provinsje komt te'n goede oan de ûnrendabele gebieten en foldocht sa oan de EU-regels. De FNP sil der moarn by it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân op oanstean om koöperaasjes en lokale inisjativen alle romte en begelieding te jaan. Sadat elkenien yn Fryslân oer in pear jier in superflugge ynternet-ferbining krije kin. "In soad minsken hawwe no in minne ferbining, it wurdt heech tiid foar ferbettering", neffens Sybren Posthumus.    

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer