NIJS   12-12-2013


FNP: ôfspraken leefberheid Kansen in Kernen neikomme

Stipe foar doarpen Dantumadiel en Tytsjerksteradiel

Auke 2011 lyts   

De FNP stelt fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer it projekt ‘Kansen in Kernen' yn Tytsjerksteradiel en Dantumadiel. De Steatefraksje wol dat de Provinsje de ôfspraken mei de streek neikomt oer de ferbettering fan de leefberheid yn de doarpen om de Sintrale As hinne. De FNP tilt dêr swier oan en wol gjin praat hearre fan ‘fersoberingen'.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

FNP wurdfierder Auke Bijlsma freget de garânsje dat de doarpen Garyp, Burgum, Hurdegaryp, Feanwâlden, De Falom en Damwâld lykas tasein tusken 2014 en 2017 op útfiering fan de plannen rekkenje kinne. ‘De werynrjochting fan de âlde trochgeande provinsjale wei binne hiele moaie plannen foar; wy stypje de doarpsbelangen en oaren dy't har dêr no sa foar ynsette.'

 

De Provinsje soe de finansiering net rûn hawwe, stiet yn in brief dat de wethâlders fan de twa gemeenten oan de Steaten stjoerd hawwe. Dat moat gjin reden wêze om it hiele plan te fersoberjen. FNP wurdfierder Auke Bijlsma: ‘Dit hat foar ús swier kealle. Wy wolle dat de ôfspraken yn har hiele hear en fear neikommen wurde. No't dit sa giet mei Kansen in Kernen freegje wy de deputearre ek nei de stân fan saken mei de oare leefberheidsprojekten om de Sintrale As hinne.'



Downloads:
FNP skriftlike fragen provinsjale bydrage kansen in kernen
Antwurd op FNP fragen kansen in kernen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer