NIJS   16-12-2013


FNP: rap ophâlde mei sâltwinning yn NW-Fryslân

Politike emoasjes ten koste fan ynwenners

visser 1

De FNP wol dat der net noch mear ûnomkearbere skea oan huzen, wetterhúshâlding en lânbou yn Noardwest-Fryslân ûntstiet troch de sâltwinning. Dat driget no't it Ministearje fan EZ mear tiid nedich hat om in beslút te nimmen oer it ferpleatsen fan de sâltwinning nei de lokaasje ‘Havenmond Harlingen'. Negative Haachske politike emoasjes dy't ten koste gean fan de ynwenners en belangen fan Noardwest-Fryslân driigje de oerhân te krijen. De FNP stelt mûnlinge fragen yn de Steaten oer de kwestje.

        

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtelike Oardering en Mynbousaken   

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

FNP wurdfierder Jan Visser is fan betinken dat der yn it foarste plak in ein komme moat oan it feroarsaakjen fan permaninte en ûnomkearbere skea oan lânskip en ekonomy fan Noardwest-Fryslân. It fersakjen fan de boaiem en ekstra fersilting fan it grûnwetter geane troch as gefolch fan de sâltwinning. De FNP is neffens him foarstanner fan de Waadsee-fariant om't de boaiemdelgong dêr mooglik tydlik is. De delgong sil dêr neffens saakkundigen, oars as op lân, wer kompensearre wurde troch it natuerlik oanslykjen fan de boaiem.

 

De FNP ferwachtet dat syn miening, dy't troch de Fryske polityk en de streek breed droegen wurdt, ûnderskreaun wurdt mei it ôfjaan fan in natoerbeskermings-fergunning. De partij wol dat Deputearre Steaten alle war dogge om it ûntstean fan negative sentiminten yn polityk De Haach foar te kommen. Monitoring fan de ekstra boaiemdelgong, it hand-aan-de-kraan prinsipe, iepenheid fan gegevens en aktyf gebrûk fan it advysrjocht fan de Provinsje moatte foar draachflak en in fluggere proseduere soargje. Goedbedoelde keamermoasjes lykas dy fan Vos-Jacobi kinne neffens Jan Visser negative Haachske stemmingen oanwakkerje. Dat giet ten koste fan de ynwenners en de belangen fan Noardwest-Fryslân' .



Downloads:
FNP mûnlinge fragen sâltwinning nw-fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer