NIJS   16-01-2014


FNP solidêr mei Grinzers by striid om gaswinning

FNP en Partij voor het Noorden lûke mei elkoar op

 Sybren 2011 lyts  

De FNP toant syn solidariteit mei de Grinzers dy't op dit stuit yn aksje komme yn ferbân mei de gaswinning. FNP en Partij voor het Noorden lûke mei elkoar op yn dit dossier, sa die hjoed bliken út in polityk oerlis tusken de partijen.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

De FNP wol dat alle gaswingebieten yn it Noarden op in gelikense wize behannele wurde troch it Ryk. Ek yn Fryslân is der sprake fan grutte skea by it winnen fan gas en sâlt lykas boaiemdelgong en fersilting fan it grûnwetter.En dêrneffens sjogge wy fierstentemin werom fan de  gasbaten foar de regionale ekonomy.

  

De demonstraasje op 18 jannewaris yn Grins, dy't organisearre wurdt troch FNV en ‘Groningers in Opstand', krijt dan ek de folsleine sympaty fan de FNP. Al tsientallen jierren pleitet de FNP foar in substansjele bydrage foar de regio út de gaswinning en in folsleine kompinsaasje fan de skea. Dat wolle de Grinzers no ek.

  

De FNV en ‘Groningers in Opstand' freegje sneon yn in Volksdebat oan de befolking wat werom komme moat foar de skea dy't oanrjochte is troch gaswinning. Se wolle hearre wat nedich is om de regio leefber te hâlden en hoe't hjir genôch wurkgelegenheid bliuwe kin.

 

De FNP is fan betinken dat it net allinnich om ‘kompinsaasje' gean moat mar ek om sizzenskip. Neffens de FNP moat de folsleine sizzenskip oer de mynbousaken dan ek net langer yn Den Haach lizze, mar yn dit gefal by de provinsjes Fryslân en Grinslân. Dy provinsjes kinne dan yn oerlis mei de bewenners beoardiele oft de gas- en sâltwinning trochgean moat of net en yn watfoar mjitte de skea fergoede wurdt. Yn in finansjeel statút sil regele wurde moatte watfoar part te'n goede komt oan de regio.

 

Neffens de kommisje-Meijer kin op basis fan ynternasjonale jurisprudinsje en op basis fan it ferdrach fan Aarhus konstatearre wurde dat it net iens nedich is om te sprekken oer in ‘kompinsaasje' foar de regio, mar dat in fergoeding foar de regio dêr't gas wûn wurdt in fanselssprekkenheid is. 

 

De FNP hat al earder oanjûn dat de regio der rjocht op hat , dat in gelikens part fan de ynkomsten út delfstoffewinning ten goede komme moat oan de regio. Yn Fryslân wurdt sawat 4% fan alle gas wûn. Dat soe betsjutte dat der alle jierren in grouwe € 800 miljoen wer werom komme moat foar de Fryske ekonomy. Mei dat jild kin Fryslân  in direkte wurkgelegenheidsympuls fan 8.000 banen realisearje. 

 

Ek Grinslân hat rjocht op sizzenskip oer it gas dat by harren út de boaiem komt.  Der binne in soad oerienkomsten tusken de Grinzer en de Fryske situaasje. Neffens wurdfierder Sybren Posthumus fan de FNP is ‘harren striid dan ek ús striid'.



Downloads:
Persverklaring partij voor het noorden mijnwet


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer