NIJS   04-02-2014


Net langer wachtsje mei ôfspraken gas- en sâltwinning Fryslân

Nulmjittings fan alle gebouwen yn wingebieten

visser 1

 

De FNP-fraksje yn de Steaten wol dat de provinsje no stappen set om mei ‘t Ryk ôfspraken te meitsjen oer de gas- en sâltwinning.  Koartlyn hat Minister Kamp op in parsekonferinsje yn Grinslân sein dat kompinsaasje foar oare regio's lykas Fryslân op syn merites beoardiele wurde moat. De FNP wol no fan deputearre Poepjes witte hoe it kolleezje it inisjatyf nimme sil en hat dêrom skriftlike fragen steld.

        

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtelike Oardering en Mynbousaken   

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

De FNP is fan betinken dat ek foar Fryslân in ‘kommisje Meijer' de problematyk mei de gas- en saltwinning yn kaart bringe moat.  It giet dan bygelyks om it oanleverjen fan boustiennen foar skeaprosedueres en it bepalen fan de maatregels om de leefberens yn it gebiet te ferbetterjen.

 

De partij wol dat der sa gau mooglik in folsleine ynventarisaasje komt mei nulmjittings fan partikuliere hûzen en bedriuwspannen yn de winningsgebieten. Dy mjittings moatte objektyf en ûnôfhinklik ta stân komme. Allinnich dan wurde ynwenners net konfrontearre mei skea dy ‘t net fergoede wurdt. Neffens Jan Visser is it fiif foar tolven: ‘Wy moatte gjin tiid mear ferlieze. Troch yn ‘t foar de spulregels ôf te praten kin letter de argewaasje yn it  fjild foarkommen wurde'. 

 

It fynplakfoardiel foar de regio is neffens ynternasjonale jurisprudinsje fan tapassing op de gas- en sâltwinning. De FNP freget it kolleezje om dit mei saakkundigen te bepraten en fierder út te wurkjen. It bewiis om oan te toanen dat de skea troch mynbou komt leit no by de boarger. De tiid is ryp, sjoen de situaasje yn Grinslân, om der by it regear en de Twadde Keamer op oan te trúnjen om de bewiislêst om te kearen. Dêr moat de mynwet foar oanpast wurde. Slagget dat net, dan leit neffens Visser it skorsen fan de winningsfergunning foar de hân.



Downloads:
FNP skriftlike fragen gaswinning 2014
Antwurd op FNP fragen gaswinning 2014


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer