NIJS   11-02-2014


Fûns foar skea troch stienmurd

Beskerme bistesoart lestich te bestriden

Auke 2011 lyts   

De Steatefraksje fan de FNP freget oan Deputearre Steaten hoe't dy tinke oer it ynstellen fan  in fûns foar it fergoedzjen fan skea troch de stienmurd.  Dit soe jilde moatte foar partikulieren yn de provinsje Fryslân. It idee is dat de oerheid har ferantwurdlikheid nimme moat om't de stienmurd as beskerme bistesoart net bestriden wurde mei troch regels fan dyselde oerheid.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Natuer en Lânbou 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

De Steatefraksje fan de FNP wol wolris witte hoe grut dizze oerlêst is, yn sifers. Se wol ek witte as DS wach binne op dizze problematyk. Yn in tal gemeenten wurde maatregels fasilitearre om de stienmurd yn huzen tsjin te gean.

 

Yn Drinte wurdt ek wurke om in skeafûns yn it libben te roppen foar partikulieren dy't oerlêst ûnderfine fan stienmurden. Dat fûns moat fuld wurde mei bydragen fan ûnder oaren oerheden. Dat lêste mei it idee, dat de oerheid de beskerming regele hat en no dan ek mar har ferantwurdlikheid nimme moat om de skea te fergoedzjen.

 

Landschapsbeheer Friesland beheart in meldpunt flearmûzen en stienmurden en it tal klachten fan oerlêst troch stienmurden nimt de lêste jierren al mar ta. Dy oerlêst bestiet foar in grut part út skea oan wenhuzen, it kapotfretten fan bygelyks isolaasjemateriaal, (urine)stank, it stikken fretten fan kabels yn auto's, it útmoardzjen fan in hiel hinnehok, ensfh.

 

De stienmurd is lykwols in beskerme bistesoart en mei dus net bestriden wurde, hoewol't de rop om dizze bistesoart al te bestriden wol grutter wurdt. ‘Der moat wat barre, der moat in oplossing foar fûn wurde', sa seit Auke Bijlsma.



Downloads:
FNP skriftlike fragen oerlest stienmurd
Antwurdbrief oan FNP oerlêst stienmurd - steenmarter


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer