NIJS   13-02-2014


FNP: nije rûnwei De Westereen ten koste fan omjouwing

Ferrommeling gebiet Sintrale As

visser 1  

De Steatefraksje fan de FNP set fraachtekens by de gong fan saken oangeande de nije westlike rûnwei fan De Westereen. Dat blykt út in grut tal skriftlike fragen dy't wurdfierder Jan Visser stelt oan deputearre Poepjes. De needsaak fan dizze lânskiplike yngreep is perfoarst net oantoand en it is ek net dúdlik wa't de plannen betelje sil. In nije rûnwei op dit plak sil in fierdere ferrommeling fan it gebiet om de Sintrale As hinne feroarsaakje, sa stelt de FNP. 

       

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtelike Oardering   

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

It grutste beswier fan de FNP hat te krijen mei de lânskiplike ynpassing om de Sintrale As hinne. Dat hat foar de FNP altyd in swiere eask west. Yn de lanskiplike ynpassingsfisy en de provinsjale nota ‘Grutsk op'e Romte' wurdt eksplisyt it provinsjale belang fan dit gebiet oanjûn: behâld fan de ferkaveling, ferbettering fan it reliëf en de houtwâlen en ûndersyksgebiet foar peilbehear troch it Wetterskip. In nije rûnwei op dit plak sil dizze needsaaklike en oan de ynwenners taseine lanskiplike ynpassing fan de Sintrale As ûnmooglik meitsje, seit Visser: ‘Hoe sil DS noed stean foar dizze provinsjale romtlike kearnkwaliteiten?'

 

Der is dus in relaasje mei de Sintrale As. Yn it Provinsjaal Ynpassingsplan (PIP) fan 2011 wurdt krekt de Boppewei en net dizze nije westlike rûnwei oanwiisd as de ûntslutingswei foar De Westereen. De FNP wol witte oft de provinsje ek belutsen is by eardere grûnoankeapen of de finansiering fan de plannen foar in westlike rûnwei.

 

Visser freget hoe't it kin dat de provinsje dochs akkoart gien is mei dit plan fan it kolleezje fan B&W fan Dantumadiel. Ut in ‘zwaarwegend' amtlik advys yn 2008 die nammentlik al bliken dat der grutte fraachtekens set wurde kinne by de ekonomyske útfierberens, de finansiering en de mooglike lûdhinder foar omwenjenden. De partij wiist der yn de fragen op dat yn it nije bestimmingsplan Westereen-kom' fan april 2013 stiet ‘Op basis van dit bestemmingsplan worden geen nieuwe wegen aangelegd'.

 

De fraach is dus hoe't Dantumadiel dit planologysk regelje wol, mei it eardere negative amtlike adyvs yn'e efterholle. It  liket der op dat it plan der no toch trochhinne drukt wurde moat. Visser is dêrom tige nijsgjirrich nei de provinsjale reaksje op ‘t oanpaste bestimmingsplan dat meikorten yn proseduere komt.

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen rûnwei westereen
Antwurdbrief oan FNP oer rûnwei de westereen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer