NIJS   20-02-2014


FNP: ûndersyk wynmûnepark Iselmar nedich

Effekten op rekreaasje en toerisme

 Annigje Toering 2012 05  

Der komt in ûndersyk nei de effekten fan in mega-wynmûnenpark yn de Iselmar op rekreaasje en toerisme. De FNP stipet fan herte de moasje dy't dêrta juster yn de Steaten fan Fryslân brocht is.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP   

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

De FNP wol de feiten witte foardat der in beslút nommen wurdt, sa seit fraksjefoarsitter Annigje Toering. No wurdt der fan alles roppen op basis fan emoasje mar sûnder ûnderbouwing. Rekreaasje en toerisme binne fan grut ekonomysk belang foar Fryslân. It is logysk dat dit ek goed ûndersocht wurdt lykas de effekten op natuer, miljeu en romte. It ûndersyk moat dien wurde troch in ûnôfhinklik sertifisearre buro. Doel is om net allinnich te sjen nei de ferwachte effekten op rekreaasje en toerisme op de Fryske Iselmarkust, mar ek de sifers mei te nimmen oer bygelyks hotelboekings en deibestegings op plakken dêr't al wynparken yn see steane.

 

It Kolleezje moat no foar ein april mei resultaten komme. Besocht wurdt om hjiryn gear te wurkjen mei de gemeente Súdwest Fryslân. Sa kinne de Steaten en de gemeenteried dit meinimme yn de beslútfoarming oer de provinsjale Struktuerfisy 'Wynstreek'. De moasje waard neist yntsjinner VVD stipe troch FNP, PvdA, CDA en ChristenUnie. De partijen PVV, SP, D66 en Grienlinks wiene tsjin dit ûndersyk. Mooglik komt der letter noch sa'n ûndersyk mar dan oer de ekonomyske effekten fan wynmûneparken op it lân, sa die bliken út fragen en antwurden fan de deputearre yn it debat.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer