De Steatefraksje hat op 22 febrewaris mei Weststellingwerf Natuurlijk nei Blesdike en Boyl ta west. It wie tagelyk de kampanjestart fan de nije lokale partij.
Listlûker Sippe Bron sei dat der in soad programmatyske oerienkomsten mei de FNP binne. Benammen it wurkjen ‘fan ûnderen op' liket ûnderskiedend fan de tradisjonele partijen yn de gemeente. Bron ferwachtet oars ek dat de gearwurking mei de FNP organisatoaryske foardielen hat: ‘der is in stabile partij-organisaasje dêr't jo foar kaderfoarming en sa op bouwe kinne; dat is oars as by lokale partijen dy't mar op inkele minsken werom falle kinne'.
![]() |
Fergaderlokaasje yn de tsjerke fan Blesdike |
Yn Blesdike gong it petear mei doarpsbelang benammen oer it swiere lânbouferkear dat troch de streek moat, en oer de winsk ta in eigen doarpshûs. Salang't it âlde doarpskafee dêr net foar beskikber komt, is men foar gearkomsten op it âlde tsjerkje oanwiisd. Net ideaal, want net geskikt foar ‘feesten en partijen'. In grut multifunksjoneel sintrum in pear doarpen fierderop fynt Blesdike mei syn hechte lokale mienskip te djoer, te ‘profesjoneel' en te min binend.
![]() |
Foar it nagelnije doarpshûs yn Boyl |
It doarpsbelang fan Boyl liet sjen dat der in hiel soad bestjoerskrêft en organisaasjefermogen yn it doarp sels sit. Doarpshûs De Tille is dêr krekt hielendal mei eigen frijwilligers ferboud. It is benammen de organisaasjefoarm mei ferskate saakkundige wurkgroepen dy't yn it each springt. Men wie al wakker op de hichte fan de nije Streekaginda fan de Provinsje Fryslân. It is saak foar it doarp om dêr no gebrûk fan te meitsjen.