NIJS   03-03-2014


FNP: Fryske sizzenskip Alliander behâlde

Netbehearder wol ynvestearje yn Dútslân

 Sybren 2011 lyts  

 

De FNP-fraksje yn de Steaten wol dat Fryslân net minder sizzenskip krijt oer enerzjy-netbehearder Alliander. Mei dat stânpunt komt de partij nei oanlieding fan de foarnommen strategy fan Alliander om út te wreidzjen yn Dútslân.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

De provinsje Fryslân hat no 12,6% fan de oandielen Alliander en kin dêrmei as grut-oandielhâlder ynfloed útoefenje op it belied. Dy ynfloed op kosten en in goede en betroubere enerzjylevering mei perfoarst net minder wurde, sa fynt de FNP.  

  

Provinsjale Steaten fan Fryslân krije kommende woansdei in foarljochting oer de nije strategy fan dhr. P. Molengraaf, de foarsitter fan de Rie fan bestjoer fan Alliander. Foar de FNP binne 2 saken wichtich, neist in goede en betroubere enerzjylevering fansels: lege kosten foar ús ynwenners fan Fryslân en dêrneist ek sizzenskip oer it netbehear. In publike taak, dêr't wy folslein achter steane. Mei de nije strategy is it mei klam de bedoeling fan Alliander om noch aktiver te wurden yn Dútslân. Mei skaalgrutte sadwaande de kostpriis drukke. Dêr kin de FNP achter stean, as dat ek echt slagget fansels.

 

De FNP freget him lykwols wol ôf hoe't it komt mei de sizzenskip. De partij wol net dat de provinsje Fryslân troch útwreiding in lytsere stim krijt yn it gehiel. No hat Fryslân noch 12,6%, it is de fraach hoe't dat belang boarge wurdt. Dy fraach stelt de FNP woansdei ek om't noch besjoen wurde sil wat ‘de meest geéigende vorm van financiering' is by útbou fan de Dútske aktiviteiten. Op side 4 fan de Strategische koers fan Alliander wurdt ommers steld dat ‘additioneel (eigen) vermogen waarschijnlijk wel nodig zal zijn'. 

 

In skoftke lyn hawwe Amsterdam en Noard-Hollân har kritysk útlitten oer de gong fan saken. Sy binne benaud dat mear Dútske konsessys de needsaaklike ynvestearrings yn Nederlân yn gefaar bringe. De FNP wol kommende woansdei fan Alliander witte watfoar garânsjes jûn wurde kinne dat de plande ynvestearrings trochgeane.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer