NIJS   06-03-2014


Soarch oer ûnderhâld âlde gebouwen Fries Museum

Revitalisaasje Turfmerk yn Ljouwert

 Annigje Toering 2012 05  

De FNP makket him soargen oer it ûnderhâld fan de âlde gebouwen fan it Fries Museum.  De Steatefraksje stelt fragen oer de revitalisaasje fan de Kânselarij, it Eysingahûs en oare gebouwen oan de Turfmerk yn Ljouwert.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP   

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

FNP wurdfierder Kultuer Annigje Toering wol dat de fertutearzing fan de âlde gebouwen, dy't ‘pynlik sichtber begjint te wurden foar eltsenien' mei planmjittich ûnderhâld tsjingien wurdt. Se freget hoe't dat op it stuit regele is.

 

De FNP wol ek witte wat de stân fan saken is mei de plannnen foar revitalisaasje bygelyks fan de Kânselarij. Sûnt de earste helte fan 2013, doe't plannen presintearre binne foar in nij museumdepot, is der sa't it liket net folle bard mei de efterbliuwende pannen fan it Fries Museum.

 

De FNP freget him ôf wat op dit stuit no de eigendomsferhâldingen binne, en oft der al gebouwen ferkocht binne. Neffens de eardere plannen soe mei de opbringst fan de ferkeap it nije depot / Kolleksjesintrum Fryslân (foar in part) betelle wurde.

 

Toering freget oft it krekt is dat de kolleksje fan it Fries Museum noch hieltyd yn de âlde ‘ûngeskikte' kelders opslein leit. Se hat der ferlet fan om te witten hoe't it projekt fan de revitalisaasje no krekt organisearre is. ‘Wa is de lûker en foar hokker gebouwen? De eigner, de gemeente of de Provinsje, of de ûnderwiisynstellingen dy't meiinoar yn de Kânselarij wolle? Mei oare wurden, wa is no ferantwurdlik foar dit prachtige erfgoed?'

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen revitalisaasje gebouwen fries museum
Antwurdbrief oan FNP oer revitalisaasje gebouwen fries museum


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer