NIJS   22-03-2014


Provinsje, yn aksje foar gas- en sâltskea

Aktivere lobby troch CdK oankundige

visser 1  

Mei de ‘grutte' ierdbeving yn 2012 yn it Grinzer Huizinge en no mei de Grinzer gasreboelje is Nederlân hurdhandich wekker skodde. It is pynlik dúdlik wurden dat prognoazes en rekkenmodellen foar boaiemdelgong en ierdbevings al dy tiid net goed genôch wienen. De oerheid en de mynbouwmaatskippijen hawwe te lang yn in ûntkenningsfase sitten. De taaie striid fan bewenners en boeren om skeafergoeding wiist der op dat de Mynbouwet ek op dit stik fan saken net foldocht. Dit giet ek Fryslân oan. Dêrom wol de FNP dat de Provinsje foar ús ynwenners yn aksje komt.

       

Jan Visser

FNP wurdfierder Mynbousaken   

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

Neffens ûndersikers fan de Radboud Universiteit sil de ûnwissichheid oer lange termyn risiko's fan de gaswinning liede ta dizenige ferhâldings en in minne gearwurking tusken de NAM en SodM.  Dy alarmearjende konklúzje komt boppe-op de twiveleftige rol fan dit steatsorgaan:  meiprate oer it winningsplan, dêrby de Minister advisearje en dêrnei ek it tafersjoch útfiere.‘De slachter kart syn eigen fleis.' Krekt by sa‘n maatskiplik beladen ûnderwerp as gas- en sâltwinning moat de ûnôfhinklikheid bûten kiif stean. It binne allegearre oanwizings dat de belangen fan boargers ûnder druk steane.

 

Yn jannewaris 2012 hawwe de Fryske Steaten it kolleezje opdracht jûn yn oerlis te gean mei it Ryk om in grutter part fan de gasopbringsten nei Fryslân ta te heljen. Deputearre Poepjes hat nei werhelle fragen fan de FNP aksje tasein mar dêrfan is noch hast neat op ‘e hispel kaam. De Fryske belangen freegje no lykwols om aksje. Wy binne dêrom bliid dat CdK John Jorritsma op 17 febrewaris - in pear dagen foardat wy de teloarstellende antwurden fan de deputearre krigen - op BNR en yn  NRC Handelsblad in aktivere lobby fan Fryslân oankundiget.

 

Yn 't foarste plak sil de omkearde bewiislest opnij oankaarten wurde moatte. De bewiislêst-diskusje is by de nije Mynbouwet yn 2003 ek al fierd. Der is doe lykwols neat feroare op dit punt. It raast oan de protters dat by mynbouskea krekt it slachtoffer syn ûnskuld oantoane moat en net de bekende dieder! As twadde moatte der ôfspraken makke wurde oer it fynplakfoardiel, in finansjele en logyske kompensaasje foar it akseptearjen fan de ûnfrijwillige risiko's fan de gas- en sâltwinning.

En ta beslút moat it Ryk de rezjy nimme by it opstellen fan lanlike noarmen foar nulmjittings. It falt net út te lizzen dat der wol wetlike noarmen brûkt wurde om it ynstoart-risiko fan huzen te bepalen mar dat foarskriften foar in juridysk wettertichte nulmjitting ûntbrekke.

 

De Minister hat al tasein de Fryske sitewaasje op syn eigen merites beoardiele te wollen.

Dy útnoeging sil, no 't it noch net te let is, mei beide hannen beetpakt wurde moatte. Fryslân hat neffens de gelearden no noch in betreklik lyts ierdbevingsrisiko mar dat mei perfoarst gjin reden wêze om gerêst te wêzen oer de takomst. De boaiemdelgong giet hjir ûnfermindere troch. Wy kinne in soad leare fan de eardere naïviteit fan de Grinzer bestjoerders en de lang ûntkennende hâlding fan de NAM, SodM en it Ryk. Yn oparbeidzjen mei koepelorganisaasjes as de VNG moatte de by de fergunningferliening belutsen departeminten en de polityk bewurke wurde.

 

En, as FNP hawwe wy dêr al faker op wiisd, net allinnich brieveskriuwerij fan it Kolleezje mar streekrjocht op nei Den Haach ta. Lit it Binnenhof skodzje mei it episintrum ûnder de keamer fan Henk Kamp!

 

 

Dit artikel is earder publisearre yn de Ljouwerter Krante fan 21 maart en yn it Friesch Dagblad fan 22 maart 2014.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer