NIJS   22-04-2014


FNP: soargen oer oanpak boaiemsanearing Mildaam

'Kantelpunt no berikt mei risiko foar sûnens'

Auke 2011 lyts   

De fraksje fan de FNP hat grutte noed oer de boaiemsanearing fan de Hof van Schoterland yn de kearn fan Mildaam. De oanpak stûket sûnt 2011, der binne foar minsken skealike stoffen frijkaam, de kosten en de ekonomyske skea riizje de pan út en de eigener fielt him troch provinsje en gemeente fan it kastje nei de muorre stjoerd. De FNP stelt mûnlinge fragen oer de kwestje yn de Steaten fan 23 april.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Miljeu 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

FNP wurdfierder miljeu Auke Bijlsma wol witte oft de plende eindatum fan it wurk yn july 2015 noch wol realistysk is. Hy trunet fierder oan op in goede kommunikaasje mei de dupearren: ‘De minsken klaaie oer in ûnferskillige behanneling. It giet hjir om in fersmoarging mei sûnensrisiko's foar de dupearren, in saneamde Humane Spoedlocatie. Dat hat ek wol bliken dien, want der is in persoan út de tiid rekke troch de benzinedampen en de GGD moast der oan te pas komme. Yn sa'n gefal moat de oerheid mei ien mûle sprekke en moatte de sûnensrisiko's sintraal stean.'

 

Bijlsma ferwiist nei it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer dat ein 2012 yn de Steaten behannele is. Dêr gong it om de Humane Spoedlocaties. Der is doe in bettere kommunikaasje mei dupearren tasein. De sûnens fan de minsken soe it útgongspunt wêze. Net it nei elkoar wizen fan oerheden en sanearingsbedriuwen om claims te ûntrinnen.

 

De FNP is fan betinken dat it gefal fan Mildaam wol hiel min útpakt yn it ljocht fan it NRK rapport. Bijlsma stelt: ‘It kantelpunt is yn feite al berikt dat de minsken hjir sa net langer wenjen bliuwe kinne. De oerheid moat dan soargje dat de eigener net it slachtoffer wurdt fan in juridyske toulûkerij dy't noch jierren duorje kin. De Provinsje moat wat dwaan om op hiel koarte termyn dizze minsken te helpen.'



Downloads:
FNP munlinge fragen boaiemsanearring mildaam


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer