NIJS   29-04-2014


Oerdracht havenpieren Harns net op kosten Fryske boarger

Skriftlike fragen Jan Visser

visser 1  

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de oerdracht fan de Harnzer havenpieren fan de gemeente oan it Wetterskip. De partij tinkt dat it djoere ûnderhâld op kosten gean sil fan in needsaaklike ferbettering fan de seediken. De Fryske boarger sil mooglik foar hegere wetterskipslesten opdraaie wylst de havenpieren net iens yn it offisjele Heechwetterbeskermingsprogramma opnaam binne.

       

Jan Visser

FNP wurdfierder Wetterfeiligens 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

Neffens FNP wurdfierder Jan Visser fernuveret de FNP him oer de berjochten oer de oerdracht fan de Noarder- en Suderpier yn de media. ‘Wy kinne ús yntinke dat de gemeente Harns bliid is dat se fan de djoere havenpieren ôf binne. It is lykwols de fraach oft foar it ûnderhâld de wetterskipslesten dan mar omheech moatte. It oerdroegen ûnderhâldsbudzjet fan 1,2 miljoen liket op foarhân te min foar it strukturele ûnderhâld.'

 

De FNP wol dat it Wetterskip de kommende jierren elk dûbeltsje omdraait. Dêrby past net it oernimmen fan ûneigenlike taken lykas it ûnderhâld fan havenpieren. Visser wiist der op dat de havenpieren gjin ûnderdiel binne fan it saneamde Heechwetterbeskermingsprogramma (HWBP). Yn dat programma wurde de seediken fersterke dy't no net oan de noarmen foldogge. De FNP wol perfoarst net dat it oernimmen fan de pieren ten koste gean sil fan de needsaaklike ferbettering fan de seediken. Visser wol no fan deputearre Schokker witte oft de oerdracht wol past yn it provinsjale wetterfeiligensbelied. ‘As dat net sa is dan moat de oerdracht werom draaid wurde', sa stelt FNP wurdfierder Jan Visser.



Downloads:
FNP skriftlike fragen oerdracht havenpieren harns
Antwurdbrief oan FNP oer wetterkearings


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer