NIJS   07-05-2014


FNP inisjatyf digitalisearring Frysk erfgoed

Ynvestearring 5 miljoen út Wurkje foar Fryslân

 Annigje Toering 2012 05  

 

De provinsje sil de kommende jierren € 5 miljoen ynvestearje yn de digitalisearring fan it Frysk erfgoed. It is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fryske Akademy, Omrop Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging en Tresoar. It plan komt fuort út in inisjatyf foarstel fan de FNP

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Kultuer, Taal en Underwiis  

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Dit Deltaplan Digitalisearring hat ta doel Fryske erfgoedkolleksjes digitaal te meitsjen en beskikber te stellen. Dêrtroch wurdt in firtueel Fryslân makke dêr't maatskiplike, toeristyske, wittenskiplike en ekonomyske sektoren tagong ta hawwe. It Deltaplan heart by de ynvestearringsaginda Wurkje foar Fryslân. Mei elkoar stekt de provinsje sa'n € 300 miljoen yn de Fryske ekonomy. Ien fan de doelen is om de minsken wer oan it wurk te helpen.

 

It Deltaplan makket it de Fryske erfgoedynstellings mooglik om harren skatten sjen te litten oan in breed publyk. It materiaal is goed trochsykber op in ‘erfgoedplein' dêr't minsken neffens harren eigen ferlet harren ynformaasje fine kinne. Dêrneist jout it Deltaplan in geweldige ympuls oan de digitalisearring fan ‘persoonsgebonden' ynformaasje. Dat betsjut dat elkenien mei in relaasje mei Fryslân him/harsels weromfine kin yn persoangegevens, gegevens oer hûs en doarp, berop, religy, ensafuorthinne. Ek makket it Deltaplan in firtuele reis troch Fryslân mooglik oan de hân fan kaart-, foto- en filmmateriaal.

 

FNP wurdfierder Annigje Toering ferwachtet fan it projekt  in stevige direkte wurkgelegenheidsympuls. Oant en mei 2018 binne dat 111 tydlike wurkplakken. It digitale materiaal kin brûkt wurde troch allegearre maatskiplike en ekonomyske sektoren lykas toerisme, ûnderwiis, en wittenskip. Se kinne dêr harren eigen produkten fan meitsje. Dit makket Fryslân sa net allinnich better sichtber yn de (digitale) wrâld, mar it sterket ek de ekonomyske struktuer fan Fryslân fuort.

 

Fideo: Digitalisearring Frysk Erfgoed



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer