NIJS   11-06-2014


FNP komt op foar wurknimmers Hartman

Fragen yn Steaten 18 juny

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

De Steatefraksje fan de FNP wol dat de Provinsje alle war docht tsjin de negative effekten fan de grutte reorganisaasje by glêstúnker Hartman yn Seisbierrum. Mooglik kinne jildende subsydzjebetingsten hjirfoar brûkt wurde. De FNP stelt hjiroer mûnlinge fragen yn de Steaten fan 18 juny.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Wurdfierder Ekonomy Sybren Posthumus fan de FNP sprekt fan in grutte klap foar de belutsen fêste wurknimmers en harren famyljes yn Noardwest-Fryslân. Hy wiist der op dat de ûntwikkeling grif ek gefolgen hat foar it tal tydlike wurkkrêften yn de glêstúnbou. Yndirekt kinne ek lokale winkels of oare bedriuwen neidiel hawwe troch fermindere lokale keapkrêft. Neffens de berjochten soene de 50 fêste wurknimmers der bruto wol 600-1000 Euro yn'e moanne op efterút gean.

 

Posthumus wol graach ynsjoch hawwe yn dizze direkte en yndirekte effekten fan de foarnommen reorganisaasje. Hy freget it Kolleezje fan DS oft der bygelyks fia de jildende subydzjebetingsten fan de Provinsje ek mooglikheden binne om negative gefolgen te bestriden. Ommers, yn it ferline hat de provinsje Fryslân mei subsydzjes fia it projekt ‘Waddenglas' krekt fiks ynvestearre yn it bedriuw.

 

De FNP freget nei dit lêste nijs dan ek hoe't DS no it fierdere ekonomyske ûntwikkelings potinsjeel fan de glêstúnbou foar Noardwest-Fryslân ynskatte. De Provinsje hat al jierren bot ynvestearre yn dizze sektor bygelyks mei enerzyprojekten en grûnûntwikkeling spesjaal foar de bou fan nije túnboukassen. Doel wie úteinlik mear strukturele wurkgelegenheid yn de regio.



Downloads:
FNP mûnlinge fragen reorganisaasje glêstúnbou


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer