NIJS   19-06-2014


Waarme oerdracht sosjale taken Provinsje nei Fryske gemeenten

FNP: gjin minsken tusken wâl en skip

Annigje Toering 2012 05   

Earder wie al besluten dat it sosjale domein gjin kearntaak mear is fan de Provinsje.  De FNP hie dat ek yn syn partijprogram te stean en it waard in opdracht yn it Koalysjeakkoart. Ommers, taken dy't de minsken streekrjocht reitsje kinne better troch de oerheidslaach dien wurde dy't ek it tichtste by dy minsken stiet.  It wurk fan organisaasjes lykas Tûmba, COC en FSU sil dêrom mei in spesjaal ‘transysjeplan' oan de gemeenten oerdroegen wurde.  Nei in pear kear útstel is it no safier dat der echt stappen set wurde sille.

 

Annigje Toering, wurdfierder Sosjaal belied en Soarch

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Transformaasje sosjale taken

In soad partijen wiene lykas de FNP fan betinken dat it plan dat deputearre Schokker makke hie, te ‘keal' wie en gjin rjocht die oan de winsk om ta in ‘waarme' oerdracht te kommen.  De fokus  lei ek te folle op de ôfbou fan de organisaasjes  sûnder dat der sprake  in fisy wie. Hoe krijt  it wurk, de sosjaal-maatskiplike taken, yn de takomst foarm ûnder de wjukken fan de gemeenten?  It die bliken dat der ek noch net genôch oerlein wie oft besteande sosjale taken ek ynbêde wurde kinne yn nij gemeentelik belied. Dat wurdt ommers dochs al makke fanwege de trije grutte desintralisaasjes fan it Ryk nei de gemeenten. Benammen it lêste, de saneamde ‘transformaasje' fan de taken, fynt de FNP fan grut belang.  It moat út fisy wei en net allinnich út de finânsjes wei besjoen wurde. It maatskiplik ferlet moat foarop stean.

 

Annigje Toering sketste yn har ynbring dat it koartsein giet it om 3 knipepunten:

1. De provinsje moat de 11 maatskiplike organisaasjes oerdrage oan de gemeenten, om't de provinsje gjin sosjaal domein mear hat.

2. De gemeenten binne der noch net klear foar, want dy binne drok mei de trije desintralisaasjes en der is te min jild.

3. De maatskiplike organisaasjes witte noch net ,hoe 't it mei har taken komt en sitte yn ûnwissichheid.

 

Waarme oerdracht

It debat yn de Steaten draaide benammen om in amendemint fan de koalysje- en oare partijen.  Dêryn wurdt de maatskiplike organisaasjes noch twa jier budzjetsubsydzje garandearre. Yn de oardel jier dêrnei betellet de Provinsje ek noch 100 prosint op betingst dat de gemeenten (en de soarchfersekerder) mei de maatskiplike organisaasjes nije ôfspraken meitsje foar de takomst. Dy ôfspraken moatte foldwaan oan it ferlet fan de gemeenten op it sosjale domein. It giet om it boargjen fan de maatskiplike doelen, net om alle organisaasjes perfoarst oerein te hâlden yn de hjoeddeistige foarm. Wy tinke dat hjirmei in goede ‘waarme' oerdracht en in prikkel foar in echte transformaasje fan it belied jûn binne. Sa kinne de gemeenten oan de slach!

 

Net ien tusken wâl en skip

FNP wurdfierder Annigje Toering krige romme stipe yn de Steaten foar ús amendemint om in ekstra fangnet foar individuele persoanen yn te stellen sa lang as de transformaasje duorret. De FNP wol net dat minsken, dy't no troch maatskiplike organisaasjes holpen wurde, troch de hiele operaasje tusken wâl en skip falle.  It FNP amendemint foar dit Needfûns foar doelgroepen is by de stimming troch likernôch trijekwart  fan de Steaten stipe. Nuver genôch net troch de SP en Grienlinks, dy't har oars as ‘sosjaal' affisjearje. It finale beslút ynklusyf it amendemint oer de ‘waarme oerdracht' waard ek net troch harren stipe, mar ek net troch de Christenunie, Friese Koers en VVD.



Downloads:
Amendement zachte landing maatschappelijke organisaties
Amendemint needfûns doelgroep
FNP ynbring oerdracht sosjale taken


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer