NIJS   20-06-2014


'Dy't stjoere wol moat al oan it stjoer sitte'

Romme stipe foar FNP betingsten wynmûnen

Annigje Toering 2012 05   

 

Dy't stjoere wol moat al oan it stjoer sitte'. Dat Twittere in FNP riedslid yn de fûleindige diskusje oer de wynmûnen op de sosjale media. En krekt út dyselde gedachte wei hat de Steatefraksje yn de Steaten fan 18 juny yn mearderheid keazen om it nasjonale doel fan 530,5 MW wynenerzjy yn Fryslân net te fersmiten mar hurde betingsten te stellen. Oars hie de FNP daliks oan de kant stien en fierder neat mear meibepale kind. 

 

Lês hjir de ynbring fan de FNP yn de earste omgong

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Betingsten oer 530,5 as maksimum, opromjen en Ofslútdyk

De FNP hat yn in amendemint mei PvdA en CDA sette litten dat 530,5 MW it absolute maksimum is foar Iselmar, op lân en Ofslútdyk byelkoar. In FNP moasje oer de hurde betingst fan it opromjen fan âlde mûnen op lân en fan nije mûnen yn de takomst - ek by Ryksprojekten op de Iselmar -  krige romme stipe fan de oare partijen. Lyksa in moasje dat de Ofslútdyk as mooglike lokaasje op'e nij serieus besjoen wurde moat. Sa hâlde wy stjoer op in net winske ûntwikkeling dêr't de Minister neffens it NRC Handelsblad fan 20 juny grutte druk op set. Mei ús amendemint foarseagen wy al in iepen ein; as it oan Kamp en oaren leit is 530,5 MW noch mar it begjin. Dit is neffens de FNP in politike werklikheid, dy't net út it eigen Fryske Koalysjeakkoart fuortkaam, mar dêr't wy út ús provinsjale ferantwurdlikens wei no al op ferge wurde.

 

Gjin beslút om wynmûnen te pleatsen

Der is troch it amendemint gjin beslút naam om wynmûnen te pleatsen, net op lân en net yn de Iselmar.  Wy wolle earst it totaalplaatsje sjen as de ynventarisaasje fan ‘Fryslân foar de Wyn' yn opdracht fan deputearre Konst letter dit jier klear is. Der kin neffens de FNP gjin sprake wêze fan in ‘knip' tusken Iselmar en lân: eltse nije lokaasje moat bydrage oan it opromjen; dat is hjirmei op'e nij befêstige. Letter dit jier moat ‘Fryslân foar de Wyn' syn befiningen rapportearje oan harren opdrachtjouwer deputearre Konst. De deputearre moat dan mei ien of mear scenario's nei de Steaten ta, en úteinlik beslute de Steaten oer al dan net realisearje en op hokker plak dan. De minister hat ûnder druk fan de Twadde Keamer oant ein 2014 ekstra tiid jûn om mei sa'n yntegrale ôfwaging te kommen, dêr't ek de Iselmar yn belutsen wurdt.

 

Fraksje fiert koalysjeakkoart út

It Koalysjeakkoart fan FNP, PvdA en CDA seit  oer de wynmûnen:  ‘Wy gean oer op duorsume enerzjy dy't altiten oanfolle wurde kin. In ûnderdiel fan dy oergong is de enerzjymiks, dêr't wynmûnen op see en op lân diel fan útmeitsje. Wy wolle mear opbringst mei minder nije wynmûnen op net mear as in pear plakken yn'e provinsje. In wynmûnepark by de Ofslútdyk moat it grutste part fan de Fryske ambysje realisearje. Fierder sille der út Flevolân wei wynmûnen ferskine yn it Fryske part fan'e Iselmar. As lêste biede wy romte foar in opskalingskluster op'e Kop fan'e Ofslútdyk en by de grutskalige ynfrastruktuer fan it klaverblêd by It Hearrenfean. De oare gebieten slute wy út fan wynmûnen. It oprêden fan âlde mûnen dy't net goed rendearje is - ek by ryksprojekten fan 100MW en mear - in betingst foar it pleatsen fan nijen en biedt de notiidske eigners fan wynmûnen de mooglikheid om dêryn te partisipearjen. By nije wynmûneklusters ûndersykje wy (op hokker wize) oft oerheden, boargers en it maatskiplik middenfjild partisipearje kinne.'

Dat wie de politike opdracht dy't de Steatefraksje meikrigen hie yn 2011, en dat is noch hieltyd it útgongspunt . De FNP moasjes en amendeminten fan no ferwize nei deselde betingsten fan doe. 

 

In dreech debat

Wurdfierder Annigje Toering stelde yn it debat dat dit ûnderwerp fansels in wrakseling foar de FNP opleveret. Mar der wurdt ek in soad ûnwierheid sein. Sa soe de FNP altyd tsjin alle wynmûnen west hawwe. Dat is net sa, de FNP woe yn syn partijprogramma: ‘gjin nije wynmûnen op de fêste wâl, yn oerlis mei de sektor mooglikheden sykje om de solitêre wynmûnen op te romjen en op see of oan de Ofslútdyk in plak sykje foar klustering fan wynmûnen'.  Toering yn it debat: ‘wy binne net tsjin wynenerzjy mar tsjin wynmûnen op lân.... Wy wurde no twongen troch it Ryk om besluten te nimmen oer dingen dy't wy hielendal net wolle....Wy wolle yn dy sitewaasje ferantwurdlikheid nimme en it werom bringe sa ticht mooglik nei de sitewaasje dy't ús foar eagen stiet'. Foar de Omrop hat se dat nochris helder gearfetten.

 

De fraksje ferdield

Fraksjelid Jan Visser sei foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân dat de fraksje it foar 90% iens wie. Hy hat dochs tsjin stimd om't hy earst de romtelike reservearing dwaan woe fan de lokaasjes foar wynmûnen en dan pas sjen hokker doelstelling dêr by past, yn stee fan oarsom.  De fraksje hat dizze oare opfetting oer de te folgjen proseduere respektearre en de romte jûn foar in ôfwikende stim.



Downloads:
Ps 18 juny 2014 - FNP moasje opromplan iselmar
Ps 18 juny 2014 - FNP moasje ofslútdyk
Ps 18 juny 2014 - FNP sprektekst annigje toering wynstreek
Ps 18 juny 2014 - pvda-FNP-cda amendemint integrale afweging 530 mw


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer