De FNP fynt it tige wichtich dat de soarch foar elts goed berikber is en bliuwt, ek op ús Fryske plattelân. De FNP wol dêrom fan Deputearre Steaten witte wat hja dwaan kinne om dit probleem op te lossen. De provinsje hat in dúdlike taak oangeande it plattelânsbelied en it iepenbier ferfier.
De FNP freget him ôf oft spesjale soarchbuskes of it beskikber stellen fan (diel) lease auto's in oplossing biede kinne soe. De FNP wol dat Deputearre Steaten hjir wurk fan makket en besjocht wat de mooglikheden binne. Neffens wurdfierder Corlienke de Jong is dizze wike hiel dúdlik wurden dat it besteande soarchsysteem de soarch net berikber hâlde kin foar eltsenien. Hja wiisd op de ferantwurdlikheid foar it provinsjaal bestjoer om kreatyf mei gemeenten en soarchoanbieders te tinken om de soarch foar elts berikber te hâlden.