NIJS   25-06-2014


Algemiene Skôgings yn de Steaten

'Mear demokrasy, mear wolbefinen en mear regionale bining yn Europa'

Annigje Toering 2012 05   

Yn de Steaten fan juny wiene de Algemiene Skôgings by de Kadernota 2015. Dêryn giet Annigje Toering yn op de Europeeske ferkiezings, de diskusje oer de wynmûnen en de plannen fan minister Plasterk om de provinsjes gear te foegjen. Der binne it ôfrûne jier stappen foarút set foar it Frysk mei de nije Fryske Taalwet. De Provinsje stiet der finansjeel goed foar, mar it ûnderhâld fan alle nije en besteande asfalt en beton freget foar de takomst alle omtinken.

 

Annigje Toering,  fraksjefoarsitter FNP

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Foarsitter,

Weromsjend op it ôfrûne jier sjogge wy in tal grutte ûntwikkelingen yn de wrâld om ús hinne dy't har wjerslach krije op it wol farren fan ús provinsje Fryslân.

Op wrâldnivo is dit it earste jier dat Sina de Amerikanen yn de statistiken ynhellet as grutste ekonomyske macht. Geopolitike ferhâldingen kantelje en dizze ûntwikkeling liket struktureel. Fryslân hat der ek mei te krijen. Mei it skrassen fan de Europeeske molkkwota en de nije groei fan de suvel foar de wrâldmerk rint Fryslân wer mei foarop.

 

Europeeske ferkiezings hawwe der ek west. It is helder dat it nije belied fan Europa ta giet op mear wol befinen foar har ynwenners yn stee fan allinnich mar mear Euro's. Der is ek in dúdlike ûntwikkeling nei in Europa fan de regio's. Dêr lizze de kânsen foar Fryslân foarsitter, dêr sil Fryslân har netwurken ferstevigje moatte. Oaren hâlde krampeftich fêst oan de nasjonale grinzen en in efterhelle belied dat rjochte is op ‘âlde ekonomy' foar de eigen lidsteat. De FNP leveret syn streekrjochte bydrage oan in Europa dat demokratysker is, mear wol befinen foar de minsken jout en mear regionale bining.

 

 

Klik hjirûnder troch nei de folsleine tekst fan de Algemiene Skôgings 

 



Downloads:
FNP bydrage algemiene skôgings kadernota 2015


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer