![]() |
De FNP wol besjen oft Noardwest- en Noardeast-Fryslân ekstra ekonomyske stipe krije kinne mei tastimming fan Europa. Dit neist it al rinnende Leader-program foar plattelânsprojekten yn dizze gebieten. De Steatefraksje stelt dêroer fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy & Europa
Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl |
Oanlieding foar de fragen is dat Gelderlân in part fan de Achterhoek oanmelde wol foar krekt sa'n regeling by it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Se wolle dêr ekstra jild stekke yn regionale bedriuwsterreinen. FNP wurdfierder Ekonomy Sybren Posthumus soe graach sjen dat krekt as yn Gelderlân it bedriuwslibben yn beskate hoeken fan Fryslân in triuwke yn de rêch krije kin. Hy wiist der op dat yn kombinaasje mei it al rinnende Europeeske Leader-program foar plattelânsstipe mear foar de regio dien wurde kin.
Der binne ek beskate Europeeske temafûnsen dy't op dit stuit noch net goed benut wurde troch Fryslân. Posthumus freget it Kolleezje om in positive hâlding om dit allegear te ûndersykjen. Hy wol witte wat de mooglikheden binne yn stee fan de behinderingen. Fierder freget hy op hokker termyn in tastimming oangeande ekstra stipe foar regionale bedriuwsterreinen regele wêze kin, en wat dêrfoar barre moat. Neffens Posthumus moat ‘alles út it fet helle wurde om wurk en leefberens op it plattelân fan Fryslân te befoarderjen'.