De FNP wol graach dat KH2018 in súkses wurdt. Dêrta is it nedich dat (eksterne) fûnsewinners en organisaasjes gau dúdlikens hawwe fan KH2018 oer harren projektoanfragen en oer de finansiering fan KH2018 sels. Oer beide saken soe neffens FNP wurdfierder Annigje Toering op dit stuit noch gjin helderheid wêze by de bedoelde organisaasjes. In ‘subsydzjeloket' soe per 1 septimber iepen. Se freget it Kolleezje fan DS út har belutsenens wei nei de lêste stân fan saken.
It giet by Kulturele Haadstêd om in Europeesk projekt. De FNP wol de Europeeske diminsje graach de klam jaan dy't it yn KH2018 fertsjinnet. Toering freget dêrom ek wat der op dit stuit al oan konkrete projekten mei lannen, stêden en regio's oer de grins te melden falt. As lêste wiist se der op dat yn itselde ramt nei FNP-moasjes yn de Steaten ek tasizzingen dien binne oer de kulturele gearwurking mei de oare Fryslannen yn Europa. Ek hjir is de fraach nei de konkrete resultaten oant no ta.