NIJS   31-08-2014


FNP: werferdieling WMO budzjet foar Fryslân net akseptabel

Plattelânsgemeenten leverje oant 30% yn

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts    De FNP-fraksje yn de Steaten wol dat der op koarte termyn aksje ûndernommen wurdt om de ferwachte nije WMO-ferdieling oan te passen. De werferdieling fan it WMO-budzjet sil it plattelân fan Fryslân swier treffe as de plannen trochgean. Gemeenten moatte oant 30% ynleverje troch de besunigings fan polityk Den Haach. 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Sa sil Frjentsjerteradiel it mei minimaal € 8 ton minder dwaan moatte, Kollumerlân tusken € 500.000 en € 1 miljoen, Súdwest Fryslân € 3 miljoen en Hearrenfean mooglik sels mear as € 4 miljoen. Ek Littenseradiel, Menameradiel, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel wurde swier troffen. Foar de FNP net akseptabel en de fraksje trunet dan ek oan op aksje fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Yn in tiid dat der al fiks besunige is sil dizze yngreep de ynwenners fan de oanbelangjende gemeenten hiel hurd reitsje. Foarsjennings stean al ûnder druk en ek op bygelyks de soarch is al safolle besparre dat alle rek der út is. De FNP-fraksje is benijd wat de provinsje Fryslân dwaan kin yn ferbân mei syn rol as belangebehertiger fan de ynwenners fan Fryslân yn it algemien en as tafersjochhâlder op de finansjele posysje fan gemeenten yn it bysûnder. Dêrom hat de fraksje in tal fragen oan it Kolleezje fan DS fan Fryslân steld.

 

Yn it foarste plak wol de FNP witte oft it kolleezje in goed oersjoch fan de finansjele en mooglik oare konsekwinsjes fan de WMO-ferdieling foar de gemeenten yn Fryslân hat. Dêrneist wol de fraksje witte oft it Kolleezje it mei de FNP iens is om de Fryske gemeenten te stypjen by in lobby om de nije ferdieling oan te passen. Ta beslút wol de FNP witte watfoar mooglikheden der binne om as tafersjochhâlder fan de gemeentlike finânsjes by it Ryk oan te stean om de ferdieling te feroarjen, as bliken docht dat de gemeentlike finânsjes swier te lijen hawwe soenen fan de nije ferdieling.

  



Downloads:
FNP skriftlike fragen werferdieling wmo
Antwurd op FNP fragen werferdieling wmo


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer