NIJS   04-09-2014


Wer steatefragen FNP oer rûnwei De Westereen

Tariedend wurk Provinsje yn striid mei ôfblazen projekt

visser 1  

 

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt op'e nij fragen oan deputearre Poepjes oer in westlike rûnwei op De Westereen. Oanlieding is it feit dat provinsjale meiwurkers úteinset binne mei tariedende wurksumheden. Dit liket yn striid mei it antwurd op eardere fragen fan de FNP en mei it beslút fan de gemeenteried fan Dantumadiel om dit projekt foarearst ôf te blazen.

       

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

De FNP hat yn maart antwurd krigen op skriftlike fragen. Doe stelde deputearre Poepjes dat it gjin provinsjaal mar in gemeentlik projekt is. De provinsje soe de kosten fan in eventuele oanlis net oernimme fan de gemeente en de gemeente is ferantwurdlik foar de planologyske prosedueres. De gemeenteried fan Dantumadiel hat yn deselde snuorje oant teminsten 2022 in streek set troch it projekt om't der te min lokaal draachflak en gjin finansiering wie.

 

FNP wurdfierder Jan Visser is dêrom fernuvere dat der op 4 septimber útein set is mei lânmjitterswurk op it trasé fan de westlike rûnwei en wol troch de provinsje. De FNP beskikt oer fotografysk bewiis fan dizze wurksumheden. It ropt ek fragen op dat de wurksumheden hookstrooks wer stil lein binne. Visser wol witte wa't opdracht jûn hat en wa't de kosten betellet. Hy freget fierder troch oft der tusken maart en no noch oare tariedende wurksumheden dien binne.

 

Op 4 septimber soe de wethâlder yn de gearkomste fan de Stjoergroep Sintrale As in ‘uiterste inspanning' dwaan wolle om de westlike rûnwei dochs oanlizze te litten yn kombinaasje mei de Sintrale As. Visser freget oft der in relaasje is tusken dit berjocht en de konstatearre wurksumheden, en it wer stillizzen fan it wurk. De FNP wol de befestiging dat de Provinsje noch hieltyd op gjin inkele wize finansjeel of ‘in natura' bydrage wol oan dizze rûnwei, en dat der gjin tasizzingen dien binne troch de deputearre op hokker wize dan ek.



Downloads:
FNP skriftlike fragen rûnwei de westereen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer