NIJS   08-09-2014


FNP: gjin praatsessy's, mar oan'e slach mei projekten Soarchekonomy

Prioriteit by skeppen konkrete banen

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

De Provinsje moat oan de slach mei besteande projekten op it mêd fan soarchekonomy. Gjin nije praatsessy's mar oanpakke en wurkgelegenheid skeppe. Dat seit de steatefraksje fan de FNP yn reaksje op it útstel fan DS oer it útfieringsprogramma soarchekonomy. De fraksje tinkt dat de aksinten yn it plan fan oanpak ferkeard lein wurde en komt dêrom mei in moasje yn de Steaten fan 24 septimber.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Wurdfierder Sybren Posthumus fan de FNP is fan betinken dat de klam no lizze moat op it oanfiterjen fan kant en kleare inisjativen dy't al op'e planke lizze. ‘De tiid fan praten is foarby. Oars as it Kolleezje ús leauwe litte wol hearre wy dat de sektor sels amper ferlet hat fan nije konferinsjes op in heech abstraksjenivo. Ja, miskien de besteande grutte ynstellingen, mar dy kinne it harren feroarloovje om der beliedsamtners mei oan it wurk te hâlden. Wy wolle dat it jild yn de soarchsektor sels telâne komt om dêr konkrete banen te skeppen.'

 

De FNP is fan doel en freegje it Kolleezje fan DS foar 1 jannewaris 2015 mei in list fan konkrete plannen te kommen dy't troch de bedriuwen yn de sektor al útwurke binne. Dat soe barre moatte yn oerlis mei Zorgbelang Fryslân. Fierder wol de partij dat it Kolleezje de Steaten op de hichte hâldt fan de fuortgong op projektnivo. Spesjaal it effekt op de wurkgelegenheid moat dêrby omtinken krije, sa stelt de FNP.



Downloads:
Konsept FNP moasje soarchekonomy


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer