NIJS   10-09-2014


FNP fûl tsjin 'Cultuur is voor de grote stad'

Sprieding kultuer yn Haachsk belied

Annigje Toering 2012 05   

 

De FNP ferset him fûl tsjin de útspraken oer de sprieding fan de kultuer yn it keamerdebat okkerdeis. ‘Cultuur is voor de grote stad' wie de stelling.

 

Wurdt der bedoeld, yn it ferlingde fan de Raad voor de Cultuur, dat der allinnich yn de Rânestêd noch plak is foar profesjonele topfoarstellingen, sa freget de FNP him ôf. De partij tinkt dat hjirmei de striid fan in pear jier lyn oer Tryater en Oerol wer hielendal werom is. FNP wurdfierder Annigje Toering komt mei mûnlinge fragen oer de kwestje yn de Steaten fan 24 septimber.

  

Annigje Toering, wurdfierder Kultuer

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Toering wol freegje nei de gefolgen fan de opstelling fan de minister en de Keamer foar de Fryske profesjonele selskippen mei rykssubsydzje en troch it Ryk stipe eveneminten. Se wiist der op dat Fryslân net allinnich stiet yn har soarch oer de sprieding fan de kultuer oer it lân, mar dat der rûnom yn stêden en provinsjes bûten de Rânestêd op'e nij ûngerêstens oer de kulturele ynfrastruktuer ûntstiet.

 

‘Eins soene wy der op ta moatte dat wy wer hielendal sels oer ús ynstellings geane. Sûnder advizen fan in troch de grachtengordel dominearre Ried foar de Kultuer en sûnder allegeduerigen yngrepen en beliedswizigingen fan regear en Keamer. Is it net better en hevelje jild en foech oer nei de Provinsje en lit it oardiel net ôfhingje fan it Ministearje en de Rie foar de Kultuer oer wat goede keunst is', sa stelt Toering. Se wol witte wat foar aksjes it kolleezje yn dizzen dwaan sil om de profesjonele kultuer foar Fryslân te behâlden. ‘Wy litte ús Tryater en Oerol net wer ûntfytmanje.'



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer