NIJS   25-09-2014


Guozzen, lânbou en it tsjuster

Steaten stypje belied FNP deputearre Johannes Kramer

 Auke 2011 lyts   

Fryske guozzeoanpak

Yn de Steaten fan 24 septimber kaam de FNP deputearre mei in eigen provinsjaal belied op it mêd fan de guozzen. Yn dit belied is in kompromis fûn yn de foarm fan 2 moannen  winterrêst (jannewaris en febrewaris) yn 2015 en 2016 en dêrnei 4 moannen winterrêst (novimber oant en mei febrewaris). Ein 2016 sil der evaluearre wurde hoe't oant dan ta it belied útpakt hat. Earder wie in lanlik oerlis mislearre. De FNP hat in 2013 al soarge dat € 9,5 miljoen ekstra beskikber komt foar skeafergoedings.

  

Foaral it CDA woe it fan de evaluaasje ôfhingje litte as der nei 2016 oergien wurde sil op 4 moannen winterrêst. De FNP hat dêr net foar stimd om't it belied falt en stiet mei de meiwurking fan alle partijen. Ek organisaasjes as Staatsbosbeheer. It útstel waard úteinlik mei 27 om 16 oannommen. FNP deputearre Johannes Kramer mei him lokkich priizgje, dat nei sa lang krewearjen der no dit resultaat leit.               

 

Auke Bijlsma

 

 

 Skriezekrite Idzegea 14 maaie 2011 020  

 

 

Lânbouaginda 2014-2020

De steaten hawwe ek debatearre oer de lânbouaginda 2014-2020. De FNP koe him goed fine yn dizze nota. Lykwols fûnen wy de 14 % foar de biologyske lânbou yn it kennis- en ynovaasjebudzjet wat oan de krappe kant. Derom ha wy mei de PvdA in amendemint yntsjinne om hjir 16 % fan te meitsjen. Dit amendemint hat it mei 27 om 16 rom helle. De FNP hat fierder moasjes stipe foar agrarysk natuerbehear en oer sûner boaiem behear.

 

De lânbouaginda 2014-2020 waard úteinlik mei mar 2 stimmen tsjin (fan GrienLinks) oannommen. De FNP deputearre krige sadwaande grutte stipe foar syn belied.

             

Auke Bijlsma

 

 

 visser 1  

Mear omtinken foar it tsjuster

Provinsjale Steaten binne unanym akkoart gien mei in regeling dy 't ljochthinder út melkfeestâlen wei foarkomme moat. Foar dit doel is de kommende jierren € 400.000 beskikber. Foar de FNP is it behâld fan de kearnkwaliteit ‘tsjusterens' in wichtich punt dat deputearre Johannes Kramer ôfrûne woansdei goed nei foarren brocht hat. Dêrmei wurdt op 'e nij in part fan it FNP-ferkiezingsprogramma realisearre.    

 

Mar dêrmei is it noch net dien. Der soe ek sjoen wurde kinne nei nije techniken by iepenbiere ferljochting, oerstallige ferljochting op yndustrieterreinen, reklameferljochting ensfh, foaral in gemeentlike taak dus.

De FNP hat mei de PvdA en Grien Links dêrom  in moasje yntsjinne dy 't freget  om in gruttere stimulearjende rol fan de provinsje en in grutte ferantwurdlikheid fan gemeenten. De moasje waard mei in grutte mearderheid oannommen. Steatelid Jan Visser is der wis fan: oer inkelde jierren sil it algemien akseptearre wêze dat ljochthinder deselde status hat as stank- en lûdhinder. Der sille maatregels nommen wurde dy ‘t goed útpakke foar it wen- en leefklimaat, de flora en fauna. Dat is net allinnich winst foar it bûtengebiet mar foar hiel Fryslân.

 

Jan Visser

 

 

verkeer in 60km zone   

Tunnel Hurdegaryp

By de behanneling fan de Ekstra Sneltrein Grins-Ljouwert (ESGL) hat de FNP in moasje yntsjinne foar in fytstunnel under it spoarstasjon Hurdegaryp. Deputearre Johannes Kramer seach dêrta finansjele mooglikheden yn it budzjet fan de ESGL. Dat jild is lykwols brûkt foar it fersterkjen fan in slappe ûndergrûn op dit trajekt.

Yn de steaten gie it no om de kar foar in folweardige tunnel ûnder it spoar by it stasjon Hurdegaryp. Foar de oanslúting op de nije rûnwei hat de FNP mei oaren pleite foar in turborotonde yn stee fan ferkearsljochten. It utstel waard troch de folsleine Steaten stipe.

 

Auke Bijlsma

 

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

 

Wurk yn de soarch

De FNP wol graach dat de provinsje besteande projekten foar wurk yn de soarch stimulearret. Der  is gjin ferlet is fan nije praatsessys as it om ‘soarchekonomy' giet. In  moasje fan de FNP om dit te berikken krige romme stipe yn de steaten.

 

Mei dizze moasje naam de FNP ôfstân fan it útstel fan it Kolleezje. De FNP wol dat it Kolleezje no oan de slach giet mei konkrete projekten dy't op ‘e planke lizze. Yn de saneamde ‘Steatemerk' hienen fertsjintwurdigers út de sektor dat sels ek al oanjûn. Dat lûd hat de FNP yn de Steaten ferwurde. It is mei sizzen net te dwaan!

 

Sybren Posthumus

 

 

 

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer