NIJS   27-09-2014


FNP yn aksje foar rjochtbank Ljouwert

Personiel net nei Grins ta

foto aksje rjochtbank   

Op freed 26 septimber hawwe FNP steatefraksje, ôfdieling Ljouwert en leden fan it kampanjeteam in ludike ‘Kneppelfreed-aksje' holden om it personiel fan de rjochtbank in hert ûnder de riem te stekken. Mei it oanbieden kneppeltsjes fan koeke waard dúdlik makke dat de FNP harren pleit stipet om de rjochtbank foar Ljouwert te behâlden! De aksje waard tige op priis steld troch de wurknimmers.

 

Reaksje? Mail: s.posthumusfryslan.nl

 

De fraksje fan de FNP hat yn it ferline mear as ien kear frege nei de takomst fan de rjochtspraak yn Ljouwert. Fia skriftlike fragen en ferfolchfragen en as inisjator fan in wurkbesite oan Hof fan justysje, Iepenbier Ministearje en rjochtbank ein ferline jier. De lêste berjochten oer it fuortgean fan de rjochtbank nei Grins jouwe FNP en in protte ynwenners fan Fryslân in soad argewaasje. Dêrom hat de Steatefraksje yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 24 septimber pleite foar skerpe aksje fan de kant fan it Kolleezje.

 

Yn fragen oan Kommissaris Jorritsma hat steatelid Sybren Posthumus frege oft it Kolleezje it mei de FNP iens is dat ferlies fan hof en rjochtbank út Fryslân wei perfoarst net akseptabel is. En dat it yngiet tsjin alle ôfspraken oer wurkgelegenheid fan Ryksbanen yn Fryslân. Fierder woe Posthumus witte oft it kloppet dat der yn de praktyk al in soad banen nei Arnhim, Grins en swol gongen binne, wylst se op papier noch yn Ljouwert wêze soenen. As lêste hat de Steatefraksje frege oft it Kolleezje it mei de FNP iens is dat Fryslân, de regio, in beslissende stim hawwe moat yn it behâld fan foldwaande tagong ta de rjochtspraak, net allinnich fanwegen wurkgelegenheid mar ek fanwegen kwaliteit, de Fryske taal en it sprekken fan rjocht ticht by de minsken?



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer