NIJS   01-10-2014


FNP: Veiligheidsregio Fryslân net klear op grutte oerstreaming

Noed oer evakuaasjeplannen

visser 1  

 

It stoarmseizoen is per 1 oktober offisjeel útein set. Lykwols der moat noch in hiel soad barre om de krisisorganisaasje by in grutte oerstreaming yn Fryslân op oarder te krijen. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP Steatefraksje. Nije feilichheidsnoarmen fan it Deltaprogramma wurde yn 2017 wetlik regele wylst de seediken hjir nei alle gedachten folle letter pas op hichte binne. De FNP hat grutte noed oft bygelyks evakuaasjeplannen yn de tuskentiid wol goed regele binne.

       

Jan Visser

FNP wurdfierder Wetterfeiligens 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

Wurdfierder Jan Visser wiist op in moasje fan de FNP dy't yn de Steaten oannommen is, dat nimmen yn Fryslân der op efterút gean mei no't mei it nije Deltaprogramma fan it Ryk de ‘meerlaagse veiligheid' de noarm wurdt. De eardere steatssekretaris Joop Atsma hat dizze tasizzing oan Fryslân dien. Visser wol witte wannear't alle seediken by de Waadkust foldogge oan de nijste noarmen. It is ek de fraach hoefolle minsken der yn Fryslân by in driigjende oerstreaming previntyf evakuearre wurde sille. Ut de lêste brieven fan Deputearre Steaten wurdt dat net dúdlik.

 

De FNP wol witte hoe grut it risiko op slachtoffers by in oerstreaming yn Fryslân is, no't bliken docht dat alle maatregels pas yn 2050 klear wêze kinne. Jan Visser stelt op basis fan útspraken fan deputearre Schokker ferline jier dat der noch in hiel soad barre moat om in effektive rampebestriding en plannen foar evakuaasje op oarder te krijen. De Veiligheidsregio is dêr ferantwurdlik foar.

 

De fraach is wat de Provinsje oant no ta dien hat oan de ferplichting om it oerstreamingsrisiko en de evakuaasjeplannen yn it omtinken fan de oare ynstânsjes te krijen. Neffens Visser is de ynformaasje oer Fryslân op www.overstroomik.nl ‘hiel summier'.  Hy makket him soargen oft de gearwurking mei it Ryk, it Wetterskip en de Veiligheidsregio wol goed genôch is. Sa soene de maksimale wetterhichten op de nije webside fan it Ryk net altyd korrekt wêze. Dat kin by de ynwenners fan Fryslân betizing opsmite. Visser wol witte wat it Kolleezje fan DS yn har rol as ‘gebietsregisseur feiligens' der oan dien hawwe om alle ynformaasje te kontrolearjen.



Downloads:
20141001 FNP skriftlike fragen wetterfeiligens yn frysln.pdf
Antwurdbrief oan FNP oer wetterfeiligens


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer