Yn Harns rint al in inisjatyf om yn it ramt fan it projekt ‘Westerzeedijk' te kommen ta sa'n swimplak. De FNP wol dat de provinsje Fryslân dat oan alle einen en kanten stipet en komt mei in moasje. It sil in unike gelegenheid wêze foar minsken om oan de fêstewâl fan Fryslân yn en by seewetter te swimmen en te rekreëarjen. Minsken hoege dan net mear perfoarst de Ofslútdyk oer of nei in eilân om op in noflike wize yn de see te swimmen. It sil dus in dúdlike mearwearde kreëarje kinne foar toeristysk Fryslân.
Mear ynsette op enerzjybesparring
Dêrneist wol de FNP dat de provinsje Fryslân mear ynset op enerzjybesparring. De doelstellings foar 2018 wurde net helle en neffens de lêste ynformaasje wurdt it besparringsdoel fan 20% minder enerzjyferbrûk yn 2020 ek net helle. Dat is foar de FNP net akseptabel. Dêrom freget de FNP mei in amendemint om der sadanich op yn te setten dat de doelstellings ál helle wurde. De FNP wol dêr ek € 500.000 foar ynsette. As der minder enerzjy ferbrûkt wurdt hoege der ek minder djoere fersmoargjende sintrales boud te wurden of wynmoles dy't it lânskip oantaaste.
Werbestimming frijkommende pleatsen
Ta beslút sil de FNP him by de begrutting útsprekke foar mear mooglikheden om wenten del te setten op plakken dêr't agraryske bebouwing frijkomt. Dat wol sizze, sloop fan pleatsen, it werbestimmen dêrfan en/of wenten op datselde plak bouwe. It giet dan fansels net om monumintale of karakteristike pleatsen. Doel fan de FNP is dat dit de leefberens yn it bûtengebiet ten goede komt.