NIJS   03-10-2014


FNP wol dúdlikens oer SNN-subsydzjes Ljouwert

Wetterkampus en Tesselschadestrjitte opkeard troch Grins en Drinte?

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

Ljouwert - De FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân is ûngerêst oer de útfiering en de subsydzje fan SNN foar twa grutte Ljouwerter projekten: de Wetterkampus en de revitalisearring fan it kantoarekompleks oan de Tesselschadestrjitte.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

Yn de lêst beskikbere beslutelist fan SNN is sprake fan in (mearderheids-)blokkade troch de Drintske en Grinzer oerheden om it jild net ta te kennen. De fertsjintwurdigers fan Ljouwert en Fryslân hawwe in minderheidsstânpunt ynnommen. De FNP wol no dúdlikens dat de projekten útfierd wurde kinne mei de earder taseine subsydzje.

  

FNP-Steatelid Sybren Posthumus wol witte wêrom't de provinsjes Grinslân en Drinte en de stêden Assen, Emmen en Grins yn it oerlis fan SNN net ynstimd hawwe mei it honorearjen fan it fersyk om ferlinging, sadat de beide Ljouwerter projekten ek yn 2015 yn oanmerking komme kinne foar subsydzje.

 

Fierder wol de FNP witte wat de aktuele stân fan saken is. Op 2 septimber soe yn SNN-ferbân op ‘e nij praat wurde oer de kwestje. Leit der noch altyd in blokkade fan de Drintske en Grinzer oerheden foar de beide projekten yn Ljouwert? Kinne beide projekten op ‘e tiid en mei de earst taseine subsydzje fan SNN útfierd wurde?    

 

 



Downloads:
FNP fragen Steatemerk 8 okt 2014
Beslutelist snn 24 juny 2014


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer