NIJS   20-10-2014


Fragen oer takomst Omrop Fryslân

Mediabrief net dúdlik oer jild foar it Frysk

Annigje Toering 2012 05   

De Steatefraksje fan de FNP stelt mûnlinge fragen yn de Steaten fan 22 oktober oer de takomstige finansiering fan Omrop Fryslân. Oanlieding is it nijste mediabrief fan Steatssiktaris Dekker oan de Twadde Keamer. Dêr stiet neat konkreets yn oer de bysûndere posysje fan de Omrop as iennichste publike stjoerder yn de Fryske taal; dat soe neffens de FNP al moatte.

  

Annigje Toering, wurdfierder Taal en Media

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP wol dat de finansiering fan Omrop Fryslân no einlings ris struktureel goed regele wurdt. Yn it rapport fan de Kommisje-Hoekstra en yn de nijste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje stiet dat hjir in oplossing foar socht wurde moat.  De posysje en de finansiering fan de Omrop fertsjinnet apart omtinken om't it de iennichste publike stjoerder yn it Frysk as twadde Rykstaal is, sa is ôfpraat.

 

It falt wurdfierder Annigje Toering fan de FNP ta dat der no in wiidweidige paragraaf oer de regionale media opnommen is.  Lykwols it falt ôf dat Dekker yn syn mediabrief oan de Twadde Keamer sa't it liket noch gjin inkele oanset jout foar de spesifike oplossing foar Omrop Fryslân. Wol is der praat fan in regionaal mediasintrum om kosten te besparjen. ‘De bysûndere posysje fan de Omrop mei it Frysk is wêzentlik wat oars as der no stiet oer it behâld fan redaksjonele selsstannigens foar de regionale omroppen of oer it regionaal mediasintrum. As it Ryk de ôfprate ‘folsleine en alsidige programmearing' foar it Frysk wier meitsje wol, sil der ek jild by moatte. It pleit fan de Kommisje-Hoekstra hjirta is troch de polityk omearme, mar dan moat der no ek bûter by de fisk.'



Downloads:
Mûnlinge fragen oer takomst omrop fryslân
Tk brief toekomst publieke mediabestel


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer