NIJS   21-10-2014


Wurkbesite Stedstún Asum op Techum

Fotoferslach: biologysk túnkjen foar de mienskip

Wurkbesite Stedst n Asum 21 okt 2014 001 

Mei de FNP Ljouwert hat de Steatefraksje op besite west by de Stedstûn Asum op Techum.  Der wie in ynspirearjende útlis fan Jan Stienstra oer de needsaak fan in biologysk kringloopbehear om de fruchtberens fan de grûn te behâlden.

 

Wurkbesite Stedst n Asum 21 okt 2014 003 

Der is ek praat oer de rol dy't dizze tún spilet foar de lokale mienskip.  De inisjatyfnimmers wolle  graach in besikerssintrum delsette dat tagelyk as wyksintrum tsjinje kin. Dat soe kinne mei subsydzje út it provinsjale leefberheidsfûns fan FNP deputearre Johannes Kramer en út it nije Mienskipsfûns fan de gemeente Ljouwert.

 

Wurkbesite Stedst n Asum 21 okt 2014 004 
De âld pleats op Techum wurdt troch de gemeente renovearre. Der komt in sûnenssintrum yn. De inisjatyfnimmers fan Asum kinne de pleats dus aanst net mear brûke. Wol is ynkoarten it glêzen koepelgebou in eintsje fierderop beskikber foar presintaasjes en gearkomsten. 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer