NIJS   30-10-2014


Wynmûnebeslút DS: 'It wurk begjint no'

FNP betingsten opromjen en partsipaasje útfiere

Annigje Toering 2012 05   

 

It wurk is noch lang net dien, seit wurdfierder Annigje Toering fan de FNP Steatefraksje yn reaksje op it wynmûnebeslút fan Deputearre Steaten.  Us betingsten oer it opromjen, de partisipaasje fan de Fryske mienskip  en oer de Ofslútdyk út de FNP moasjes fan 18 juny moatte noch útfierd wurde.

  

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP is bliid dat der no gjin nije megamûnen yn it grutste part fan de provinsje  komme.  Dat fielt as winst. Bestjoerlik is it ek goed dat wy no gjin jierrenlange ûnwissichheid en ûnderhannelings yn de regio krije oer tsientallen lytsere wynparken, mar yn ien kear in grutte slach meitsje.

 

De fraksje fynt it fierder goed dat Fryslân troch it Wynpark Fryslân de mooglikheid skept om in grut tal mûnen op te romjen.  ‘It park yn de Iselmar wurdt oplein troch it Ryk; dan kinne jo mar better soargje dat de Provinsje der sizzenskip yn hâldt. Dat kin troch in grut oandiel te nimmen en dêrmei de partisipaasje en it opromjen foar de rest fan Fryslân mooglik te meitsjen. Fan de minister hoege wy ditoangeande neat te ferwachtsjen.

 

De oankeap fan dy oandielen wie earder al finansjeel mooglik makke troch in FNP amendemint by it Fûns Skjinne Enerzjy. 10% fan dat fûns, € 9 miljoen is beskikber foar dit doel.  Wy ferwachtsje dat it Kolleezje mei faasje de organisaasje opset dy't it Fryske oandiel, de partisipaasje en it opromjen fan besteande mûnen regelje sil.  De FNP wol as it even kin dêryn ek fierder gean as de 33,5 MW oan ôf te brekken âlde turbines dy't it Kolleezje no ferwachtet. It nije park yn de Iselmar moat troch de moasjes fan de Steaten  likegoed ek nei 27,5 jier wer ôfbrutsen wurde.

 

Toering wol dat der ek konstruktyf mei de gemeente Súdwest-Fryslân en de rekreaasjesektor praat wurdt. ‘By sokke grutte besluten dy't foar de hiele provinsje fan belang binne, kinne jo it net elkenien 100% nei it sin meitsje.  Wy begripe hiel goed dat soks foar bewenners en ûndernimmers oan de Iselmarkust sear docht. Oer kompensaasje, partisipaasje, de Iselmar, de Ofslútdyk en it park Hiddum Hou op de Kop fan de Ofslútdyk moat dêrom benammen mei harren in akseptabele oplossing en ynpassing socht wurde. De rest fan de Súdwesthoeke krijt no gjin nije wynklusters der by, dat is ek in part fan it ferhaal dat ferteld wurde mei. Wy ferwachtsje fan it Kolleezje dat it opromjen no yn it foarste plak yn Súdwest begjint.'



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer