NIJS   11-11-2014


FNP: ynvestearje yn trochgeande learline meartaligens

Nederlânsk, Frysk en Ingelsk op skoalle

Annigje Toering 2012 05   

De Steatefraksje fan de FNP komt yn de Steategearkomste fan 12 novimber mei in moasje om ek nei 2015 as provinsje ynvestearjen te bliuwen yn it meartalich ûnderwiis yn Fryslân. De finansiering hâldt per 31 desimber kommend jier op. De FNP wol dat it suksesfolle programma ek dêrnei struktureel trochgiet.

  

Annigje Toering, wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De moasje fan de FNP wurdt stipe troch de koalysjepartners PvdA en CDA. Dêrtroch liket in opfolger fan it saneamde Boppeslachprogramma wol hast wis, wat de meartaligens yn it ûnderwiis oangiet. Yn de moasje wurdt frege om de tariedingen foar in nij belied mei faasje yn gong te setten. It soe op 1 jannewaris 2016 yngean moatte. Yn de rin fan 2015 moat der ek dúdlikens komme oer de nedige finânsjes. Dêrmei krije organisaasjes dy't de ‘meartalige learline' útfiere wissichheid dat it wurk ek nei 2015 trochgean kin.

 

It tal meartalige pjutteboartersplakken, basisskoallen en middelbere skoallen is de ôfrûne jierren sterk tanommen. Se helje ek hege sifers mei har ûnderwiiskwaliteit. FNP wurdfierder Annigje Toering: ‘Wy geane no yn koarte tiid nei 200 twatalige pjutteplakken yn 2015. Dan moat ek 25% fan alle basisskoallen trijetalich wêze - Nederlânsk, Frysk en Ingelsk - om de bern in goede en logyske oansluting te jaan. Der binne no trije lokaasjes foar fuortset ûnderwiis mei in meartalige stream, dat wurde der aanst seis.'

 

Der is dêrtroch ek in tanimmende fraach nei (digitale) Fryske lesmetoaden. De provinsje jout ek stipe foar it systeem fan toetsen, learlingfolchsystemen en evaluaasjes sadat de ûnderwiisynspeksje ynkoarten it Frysk op deselde wize beoardielje kin as it Nederlânsk. Toering: ‘Mei dizze resultaten en ambysjes is it logysk dat de Steaten no in goede basis lizze wolle foar it ferfolch. It is in ynvestearring yn in meartalige takomst fan ús bern, dêr't Fryslân lanlik mei foarop rint.'

 



Downloads:
FNP moasje ynvestearring trochgeande learline meartaligens


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer