NIJS   13-11-2014


Ynvestearring meartalich ûnderwiis giet troch nei 2015

De FNP yn de Steaten fan 12 novimber

De FNP yn de Steaten fan 12 novimber

 

Ynvestearring meartalich ûnderwiis Nederlânsk-Frysk-Ingelsk giet ek nei 2015 troch.

 

Annigje Toering 2012 05   

De FNP hat yn de Steaten unanime stipe krigen foar in moasje om it belied foar de ‘meartalige trochgeande learline Frysk' ek nei 2015 in ferfolch te jaan. Der bliuwt yn de oergongsfaze ek jild beskikber. De moasje is mei yntsjinne troch PvdA, ChristenUnie en D66.

 

Wurdfierder Annigje Toering is tige bliid mei dit sukses. De FNP hat hjir al jierren foar oan it skreppen west. It is in goed teken, seit se, dat soks steatebreed stipe wurdt.

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Skoalbestjoeren, pjutteboartersplakken en ynstellings lykas SFBO, AFUK en Cedin kinne no troch mei it wurk. Sa wurdt it tal meartalige skoallen Nederlânsk-Frysk-Ingelsk yn Fryslân fierder útwreide en komme der nije (digitale) learmiddels beskikber. Doel is yn 2015 al 200 twatalige pjutteboartersplakken te hawwen en 25% fan alle basisskoallen trijetalich. It tal middelbere skoallen mei in trijetalige stream giet dan omheech fan trije nei seis. It Kolleezje fan DS hat no opdracht krigen om dit nije belied as opfolger fan ‘Boppeslach' yn de rin fan 2015 op priemmen te setten, ynklusyf de finânsjes.

 

 

Farwei Terherne-It Hearrenfean

 

Auke 2011 lyts   

Der komt in ûndersyk nei de mooglikheden om de farwei Terherne-It Hearrenfean feiliger te meitsjen. In FNP moasje krige unanime stipe fan de Steaten. Wurdfierder Auke Bijlsma wol no earst dat it Kolleezje in plan makket hoe't se dat dwaan wolle. De mooglike oplossings, ynklusyf it kosteplaatsje, moatte yn 2015 wer oan de Steaten foarlein wurde.

 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

De FNP nimt hjirmei de klachten fan Doarpsbelang en rekreaasje-ûndernimmers searieus. Der binne soargen oer de hieltyd gruttere skippen dy't it sicht fuortnimme, gjin romte foar de boatsjeminsken oerlitte en troch de wetterferpleatsing skea feroarsaakje oan wâlskanten, skippen oan de wâl en jachthavens, en de boel hurder tichtslykje litte.

 

 

Provinsjale finânsjes

 

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts   

Op 12 novimber is de lêste provinsjale begrutting (2015) fan de regearjende koalsyje FNP-PvdA-CDA fêststeld. Dat gong sûnder grutte finansjele wizigingen en mei in soad wurdearring oer wat der út de wei set is yn de ôfrûne steateperioade. Finansjeel wurdfierder Sybren Posthumus: ‘Oer wat der beskrept is komme wy noch op'e tekst yn de ledegearkomste fan de FNP op 13 desimber.'

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

' It docht bliken dat jo oan de ein ta skerp bliuwe moatte. Sa hawwe wy hast steatebrede stipe krigen foar in moasje om de koarting op it Provinsjefûns troch it Ryk wer fan tafel te heljen. It Ryk woe alfêst in greep yn de kas dwaan mei as reden de fusy fan de provinsjes en de fermindering fan it tal Steateleden. Allinnich, beide saken binne yn polityk Den Haag it ôfrûne jier sneuvele. It heart net sa dat der dan wol in besuniging foar ynboekt wurdt. Alle partijen útsein de VVD wiene dat mei ús iens.'  

 

 

Oare moasjes

 

De FNP hat fierder moasjes stipe om in ympuls oan de nasjonale parken en -lânskippen yn Fryslân te jaan, de tasizzingen nei te kommen oer de lânskiplike projekten (2e faze) om de Sintrale As hinne, om pop-up stores ta te stean yn leechsteande winkels ûnder it Provinsjehûs, om in bydrage te jaan foar de grutte Alma-Tadema tentoanstelling as blockbuster foar it Fries Museum, om jild te sykjen foar it oanpakken fan gefaarlike krusingen yn de provinsjale dyk tusken Wommels en Boalsert, en om gjin meiwurking te jaan oan nije bedriuweterreinen as dêr gjin oantoanber ferlet fan is.



Downloads:
Ds brief útfiering FNP moasje farwei Hearrenfean


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer