Steatelid Sita Land-Dotinga: ‘Festivals spylje in wichtige rol foar ús mienskip en foar de leefberens yn ús provinsje. Wy sjogge dat it kulturele klimaat yn Fryslân ferearmet, juster noch waard bekend dat Welcome to the Village der mei ophâldt. Ek it Befrijingsfestival Fryslân hat noed oer de finânsjes. Befrijingsfestivals yn oare provinsjes hawwe dit jier foarse ferliezen ynboeke moatten, ek omdat se lêst hiene fan min waar.'
De FNP wol dat it budzjet dat oerbleaun is foar itselde doel beskikber bliuwt, bygelyks as stipe foar it befrijingsfestival fan oar jier. Ek wol de fraksje fan it kolleezje witte wat de provinsje Fryslân der oan dwaan kin om der foar te soargjen dat festivals foldwaande tarist binne om bestean te bliuwen.