Op ‘e fyts om it Snitser Mar hinne
Wat giet foar? Us greidefûgels of in ekstra rûntsje fytse om de Snitser Mar
hinne? Rekreaasjeskip De Marrekrite hat yn opdracht fan de gemeente De Fryske
Marren in rekreatyf fytspaad betocht troch it greidefûgelgebiet
Ballingbuersterpolder bij Goaiïngaryp. Dêrmei wurdt foar rekreanten in ekstra
mooglikheid makke om fan it moaie gebiet yn súdwest Fryslân te genietsjen. Mar it
giet hiel min mei de greidefûgels yn Fryslân. Troch de lege wetterpeilen en it net
beskikber wêzen fan goede leefgebieten is der foar de greidefûgels hieltyd
minder romte. De provinsje besiket, yn oparbeidzjen mei natuerbeskermingsorganisaasjes
en agraryske natuerkollektiven, út alle macht it tij te kearen en hat inisjativen
nommen it gebiet wêr't greidefûgels harren thús fiele grutter te meitsjen. Mar
dat giet muoisum. It tal greidefûgels nimt noch hieltyd fierder ôf.
In rekreatyf fytspaad troch in kwetsber greidefûgelgebiet soarget foar fersteuring. Ut ûndersyk docht bliken dat oan beide kanten fan in fytspaad op in strook fan sa'n 200 meter gjin greidefûgels briede sille. Dat betsjut dat wy mei de oanlis fan in kostber fytspaad yn ien klap op tsientallen hektares gerslân greidefûgels fuortjeie. Yn in ekologysk rapport wurdt dan ek it advys jûn it fytspaad yn it briedseizoen ôf te sluten. Mar wa sil dat hanthavenje? Fan it ferlern gean litten fan kwetsber greidefûgellân om in ekstra rûntsje om de Snitser Mar hinne mooglik te meitsjen wurdt gjinien better.
Natuerlik moatte wy genietsje kinne fan ús moaie omjouwing. Mar in omjouwing wêr't foar planten en bisten gjin plak is, is leech. Us greidefûgels fertsjinje rêst om briede te kinnen. De gemeente hat de opdracht 10 jier lyn oan De Marrekrite jûn. It tal greidefûgels is sûnt dy tiid noch fierder weromrûn. Yn de Ballingbuersterpolder moat der gjin fierdere fersteuring komme. In oantal partijen yn de gemeenteried hat al witte litten dat se twifelje oer dit plan. Ek yn de Steaten is meardere kearen útsprutsen dat it oantaasten fan greidefûgelllân net wêze moat. Litte wy kieze foar de greidefûgels!
Jochem Knol, Steatelid GrienLinks
Sijbe Knol, Steatelid FNP
Menno Brouwer, Steatelid PvdD
Hanneke Goede, Steatelid SP
Danny van der Weijde, Steatelid D66
Tekst: GrienLinks, oersetting FNP