NIJS   05-06-2023


FNP-Steatefraksje siket betûfte beliedsmeiwurker

De FNP-Steatefraksje siket mei yngong fan 1 septimber 2023 in betûfte en entûsjaste beliedsmeiwurker. Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist ynteressearre yn de Fryske, Nederlânske en Europeeske polityk en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit mooglik wol de baan foar dy! De FNP hat op dit stuit 4 sitten yn it Fryske Parlemint en is derneist ek wakker aktyf bûten it provinsjehûs.

Op moandei begjinne do en dyn kollega mei in bakje kofje en nimme de wike troch. De fraksje kriget de stikken foar de gearkomste fan it wyklikse fraksje-oerlis op tiisdei. Dêr wurd de strategy yn de fraksje útset. Do en dyn kollega riede inisjativen ta, wêrmei't de fraksje it belied fan de provinsje besiket te feroarjen. Fia in parseberjocht en de sosjale media wurde ús ynwenners dêrfan op de hichte brocht. Op de moanlikse gearkomste fan Provinsjale Steaten sjochst do dat it allegear yn de praktyk brocht wurdt. En as it belied yn De Haach of Brussel makke wurdt, dan bist do der by wannear't de fraksjeleden yn oerlis gean mei leden fan de Twadde Keamer of it Europeesk Parlemint.

 

 

De FNP-Steatefraksje siket mei yngong fan 1 septimber 2023 in betûfte en entûsjaste beliedsmeiwurker. Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist ynteressearre yn de Fryske, Nederlânske en Europeeske polityk en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit mooglik wol de baan foar dy! De FNP hat op dit stuit 4 sitten yn it Fryske Parlemint en is derneist ek wakker aktyf bûten it provinsjehûs.

 

De FNP-Steatefraksje siket in persoan, dy't sawol selsstannich as ek yn teamferbân wurkje kin en wit wat der polityk spilet. Kreativiteit, selsstannigens en betrouberens binne foar ús tige wichtige kompetinsjes foar de nije meiwurker.

 

De meiwurker komt yn tsjinst by de Stifting Steatefraksje FNP.

 

Wurkplak:

It wurkplak is de fraksjekeamer op it provinsjehûs yn Ljouwert. Mar de funksje is sadanich, dat der ek wolris thús wurke wurde kin. De direkte oanstjoering fynt plak troch de fraksjefoarsitter. Tegearre mei dyn kollega binne jim it fûnemint wer' t de fraksje op draaie kin.

 

Funksje-easken:

  • Do bist nijsgjirrich en meist graach nije dingen leare en nije ûnderfiningen opdwaan;
  • Do hast wille yn it lêzen fan beliedsstikken, it útsykjen fan politike fragen en it útwurkjen fan inisjativen, yn oparbeidzjen mei de Steateleden;
  • Do kinst ferbannen lizze tusken provinsjale, nasjonale en Europeeske polityk;
  • Do behearskest it Frysk yn wurd en skrift of bist reewillich om dy it Frysk eigen te meitsjen;
  • Do bist soarchfâldich en krekt yn it wurk.

Bykommende easken:

  • Do hast eigen ferfier of kinst op in oare wize op dyn wurkplak komme;
  • Do bist reewillich om by jûntiid of (by útsûndering) yn it wykein te wurkjen;
  • Do ûnderskriuwst de útgongspunten fan de FNP.

De funksje beslacht 24 oeren wyks (salarisyndikaasje € 2066 smoarch yn ‘e moanne by in tsjinstferbân fan 24 oeren wyks). De oanstelling is ynearsten foar in jier, mei de yntinsje fan fêst dêrnei, en in proeftiid fan twa moanne. Wy biede in pensjoenregeling en reiskostefergoeding oan.

 

Proseduere:

Sprekt boppesteande baan dy oan, dan sjogge we dyn sollisitaasjebrief en CV graach foar 5 juny yn ‘e mjitte fia it e-mailadres fnpfryslan.frl. De sollisitaasjepetearen sille wêze yn de wike fan 12 juny of ien wike letter.

 

Foar fragen kin kontakt opnommen wurde mei Sijbe Knol (fraksjefoarsitter), 06 - 30944415. Ynhâldlike fragen kinne steld wurde oan beliedsmeiwurker Frank de Boer, 06 - 51699853.



FNP-Steatefraksje siket betûfte beliedsmeiwurker



Tags: Algemien, Polityk Bestjoer, Wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer