NIJS   28-11-2014


Opkomme foar partikulieren mei skea boaiemdelgong NW-Fryslân

FNP wol iepenbierens ynformaasje gaswinning Vermilion

Auke 2011 lyts   

De Steatefraksje fan de FNP wol iepenbierens fan alle nije ynformaasje oer de boaiemdelgong yn Noardwest-Fryslân. Dat blykt út skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Oanlieding binne de berjochten dat de delgong troch de gaswinning fan Vermilion folle slimmer wurdt en folle langer trochgean sil as earder tocht.  De FNP tinkt dat it sûnder folsleine iepenbierens foar partikulieren oars suver net mooglik is om har skea te klemen.

 

Auke Bijlsma, foarsitter FNP seksje Lân, Loft en Wetter

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

FNP wurdfierder Auke Bijlsma wiist der op dat it measte jild foar it saneamde Gebietsûntwikkelingsplan Frjenterteradiel-Harns nei it Wetterskip giet. Dêr binne ôfspraken oer makke mei Vermilion en de oerheden. Lykwols partikulieren mei skea troch de boaiemdelgong falle bûten de boat. Dy minsken binne foar in kleem noch hieltyd oanwiisd op de wetlike proseduere mei de Technyske Kommisje Boaiembeweging. Bijlsma: ‘Lykas bekend is dizze proseduere foar partikulieren tige min tagonklik en der wurdt dan ek suver gjin gebrûk fan makke. Dat is net allinnich hjir sa mar yn hiel Nederlân. Sûnder folsleine iepenbierens fan alle mjitgegevens en deskundigenrapporten is it boppedat hast net mooglik om technysk en juridysk it ferbân oan te toanen tusken delgong en de skea oan jo gebou of oare eigendommen.'

 

Bijlsma is der min oer te sprekken dat de Steaten it nijs út de krante fernimme moasten. ‘Jo witte hoe gefoelich oft dit leit: wy hiene fuortendaliks alle relevante ynformaasje hawwe moatten. De nije rapporten fan Vermillion, mar tink ek oan dy oangeande de skea oan de wetterhúshâlding, de fersilting fan it grûnwetter (min foar de poatierdappeltylt), de fersakking fan gebouwen en ynfrastruktuer. Binne de regelingen allegear noch wol foldwaande sa ‘t dy  in skoft lyn yn it Gebietsûntwikkelingsplan ôfpraat binne?‘ Bijlsma freget wat it Kolleezje fan DS hjir oan dwaan sil. De fraksje wol dat Provinsjale Steaten krekt as yn eardere jierren nau by it ferfolchproses belutsen wurde.

 

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen boaiemdelgong nw-Fryslân
Antwurd ds op FNP fragen boaiemdelgong nw-fryslân
Brief ds 9 des 2014 boaiemdelgong nw-fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer