NIJS   20-02-2023


FNP: Optochten en doarpsfeesten fertsjinje stipe

Optochten mei fersierde weinen soargje foar in soad wille yn ús Fryske doarpen. Minsken binne al moannen earder yn it spier mei de tariedings fan de optochten en it bouwen fan de weinen. De optochten sels lûke faak tûzenen minsken nei de doarpen ta. Mei in ferskraaljend foarsjenningsnivo binne it krekt dizze saken dy’t it libben kleur jouwe.

"It binne de tradysjes dy’t it libben kleur jouwe" (Sijbe Knol)

Dizze wike kaam yn it nijs dat ferskate doarpen yn Fryslân ophâlde mei optochten, omdat der hieltyd mear soarch is oer in tanimmend tal regels. Dêr boppe-op komt de soarch oer de oanspraaklikheid fan de organisatoaren fan doarpsfeesten. Yn hast alle gefallen binne dat frijwilligers dy't mei-inoar moaie dingen op poaten sette foar ús mienskip. It oanfreegjen fan fergunningen, it foldwaan oan wet- en regeljouwing, mar ek it regeljen fan fersekeringen by eveneminten is in tige drege put wurden, dêr't net elke frijwilliger mear nocht oan hat. It soe tige spitich wêze as dêrtroch de leefberens yn ús doarpen en stêden ferskralet.

 

Earder hat de FNP him mei in ‘meldpunt bedrige doarpstradysjes' hurd makke tsjin trochsleine regeljouwing fan de kant fan de oerheid en it faai stean fan tradysjes. Doe is der troch ferskate gemeenten ek aksje ûndernaam. Sa giet de gemeente Noardeast-Fryslân no soepeler om mei regeljouwing by optochten mei fersierde weinen en is yn Waadhoeke evenemintenbelied kaam dat rekken hâldt mei de lokale situaasje.

 

Ek no komt de FNP wer yn aksje. Net allinnich provinsjaal mar ek yn tal fan gemeenten wurde dizze wike fragen stelt. Bygelyks yn Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren, Hearrenfean en Ljouwert. 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer regeldruk doarpsfeesten
Antwurdbrief ds oer regeldruk doarpsfeesten


Tags: Kultuer, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer