NIJS   31-01-2023


1500 reintonnen foar de ynwenners fan Fryslân!

De Provinsje stelt in regeling iepen wêrmei’t ynwenners aanst fergees in reintonne krije kinne. De Provinsje stelt mar leafst 1500 tonnen beskikber.



"It sil heve! " (Sijbe Knol)

Knol; ‘As alle huzen yn Fryslân in reintonne delsette dan kin dat eltse dei in besparring fan 5 miljoen liter wetter opleverje. Dat binne twa olympyske swimbaden fol.'

 

Yn in tiid mei drûge simmers en druk op it beskikbere swiete wetter sil it neffens de FNP ek saak wurde om wetter langer beet te hâlden.

 

Yn 2019 brocht de FNP it yn by de ûnderhannelings fan it nije koälysje-akkoart. De FNP is bliid dat it der no dan dochs fan komt. Mear ynformaasje fine jo yn de ûndersteande links.



Downloads:
Brief fan it kolleezje oer de reintonne


Tags: Klimaatferoaring, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer