‘Keamer foar de takomst'
Neffens wurdfierders Edou Hamstra (PvdA), Martijn Brands (VVD), Danny van der Weijde-Hoogstad
(D66) en Sijbe Knol (FNP) witte jongeren de ynspraak-mooglikheden faak net te finen.
‘Wy binne sels allegear ûnder de 35 en komme hjir op it Provinsjehûs dochs faak
deselde minsken tsjin, dy goed op ‘e hichte binne fan de ynspraak-mooglikheden
omdat sy de papieren krante noch lêze. Der binne mar in hiel bytsje ynwenners
fan ús leeftiid en jonger dy't hjir komme en ynsprekke. Wy wolle dêrom dat de
provinsje de útnûgings breder kommunisearret, bygelyks fia de sosjale media. Sa
berikke je mear doelgroepen.' Dêrnjonken wolle de yntsjinners fan it foarstel dat
der op it Provinsjehûs in spesjale ‘Keamer foar de takomst' ynrjochte wurdt. Dy
keamer is beskikber foar ynwenners fan Fryslân om byinoar te kommen om goede
ideeën foar ús provinsje mei-inoar út te wurkjen.
De partijen wolle ek €100.000 beskikber stelle foar inisjativen út de mienskip wei dy't soargje foar mear jongereinpartisipaasje. En as it oan de yntsjinners leit, wurdt der aanst yn alle beliedstikken fan de provinsje beskreaun wat it effekt is op jongeren en takomstige generaasjes.
Partisipaasjebelied
De partijen tsjinje
de plannen yn fia in moasje by de gearkomste fan Provinsjale
Steaten fan 25 jannewaris oer it partisipaasjebelied fan de provinsje. Neffens
de wurdfierders ûntbrekt der no noch in fyzje op jongereinpartisipaasjie. ‘Wy hawwe
yn it ferline meardere foarstellen dien oer hoe't wy jongerein by de provinsje belûke
kinne. Wy hienen dêrom mear plannen ferwachte foar jongereinpartisipaasje. Dêrom
komme wy no sels mei dizze ideeën.' De partijen wolle dêrmei berikke dat de
plannen fan de provinsje better oansluten by de libbenswrâld fan jongeren.