NIJS   12-01-2023


FNP: wat binne de effekten fan EU-needferoardering foar ús lânskip?

Krekt foar de krystdagen hat de Europeeske Uny in needferoardering oannaam. Dêrmei wurde yn alle lannen fan de EU de fergunningsprosedueres foar de oanlis fan wernijbere enerzjy en enerzjynetwurken koarter en makliker makke. De FNP is foar faasje by de fergunningferliening, mar wol net dat de nije regels ta oantaasting fan ús lânskip, natuer of mienskip liede.

"Ek wernijbere enerzjy moat goed ynpast wurde" (Sijbe Knol)

Om dy reden stelt de FNP Steatefraksje fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten, om te witten te kommen wat de konsekwinsjes fan de needferoardering  binne op de prosedueres dêr't de provinsje ferantwurdlik foar is of wêryn't bygelyks gemeenten de regels fan de provinsje Fryslân tapasse.

 

Konkreet lizze de nije regels in guon gefallen maksimale termyn fan ien of trije moannen op wêryn't de oerheid beslute moat. Yn inkelde gefallen wurdt sels automatysk in fergunning ferliend as de oerheid net flot genôch mei in reaksje komt. Ek moat it belang fan enerzjyprojekten heger wurdearre wurde tsjinoer oare belangen en falt de plicht foar in miljeu-effektbeoardieling yn guon gefallen wei.

 

De FNP wol witte wat dat betsjut foar sinne- en wynenerzjyprojekten yn Fryslân, foar de útbou fan it enerzjynetwurk en hoe't him dat ferhâldt ta it belang fan it behâld fan ús moaie Fryske lânskip. Dêrneist hat de party noed oer de rjochtsbeskerming fan omwenners, fan ús ynwenners en bedriuwen.. 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer eu needferoardering
Antwurdbrief ds oer eu needferoardering


Tags: Enerzjy en duorsumens, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer